Springe nei ynhâld

Atlantyske Oseaan

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 apr 2011 om 14.28 troch Ptbotgourou (oerlis | bydragen) (r2.6.5) (Bot - derby: bar:Atlantischer Ozean)
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Berjocht:See De Atlantyske Oseaan is in wrâldsee, dy't ynleit tusken de Jeropa en Afrika yn it easten en Amearika yn it westen. Yn it noarden wurdt de Atlantyske Oseaan begrinzge troch de Noardpoalsee, yn it suden troch de Súdpoalsee.

De Atlantyske Oseaan is op de Stille Oseaan nei de grutste see op Ierde, en hy is likernôch in fiifde fan it gebiet fan de Ierde grut.

Untstean

Pangaea driuwt út inoar en foarmet de hjoeddeiske Atlantyske Oseaan

Nei alle gedachten is de Atlantyske Oseaan earst 150 miljoen jier lyn ûntstien, doe't ferskate parten fan Pangea al wer útelkoar dreaunen. Mooglik is de skuor tusken Amearika en Jeropa/Afrika it gefolch fan it ûntstean fan de Hekla. Ut dy skuor komt de Midatlantyske Rich omheech, ûntstien út omheechkommend magma. De magma komt hieltyd noch omheech, wat betsjut dat de wrâlddielen om de oseaan hinne hieltyd noch fierder útelkoar skood wurde, en dat de Midatlantyske Rich hieltyd noch waakst. Dêr't de rich boppe wetter útkomt, foarmet dy de Midatlantyske eilannen.


Eilannen

Yn de Atlantyske Oseaan lizze in tal fan eilannen en eilannegroepen:

Oseanen fan de Ierde

Atlantyske Oseaan - Yndyske Oseaan - Noardlike Iissee - Stille Oseaan - Súdlike Oseaan

· · Berjocht bewurkje