Springe nei ynhâld

Klaroen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 des 2024 om 17.43 troch Lytsewâld-Augsbuert (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Klaroen

De klaroen is in sinjaalynstrumint dat te ferlykjen is mei de reguliere trompet, lykwols sûnder of mei ien fentyl. De blaastechnyk makket it lûd út. It ynstrumint is makke fan koper en hat in trochkringende en skerpe toan. Sûnder fentyl stiet it ynstrumint stimd yn Bes, lykwols mei yndrukt fentyl stiet it stimd yn Es.

De klaroen wurdt ek wol Bachtrompet of sopraantrompet neamd en liket op in âlde posthoarn.