Springe nei ynhâld

Panagia Chryseleousa (Lysos)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 26 aug 2024 om 11.53 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (Side makke mei "{{Ynfoboks tsjerkegebou (eastersk-otterdoks) | namme = Panagia Chryseleousa<br><small>Παναγία Χρυσελεούσα</small> | ôfbylding = Panagia Chryseleousa (Lysos) (02).jpg | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingstekst = | lân = {{Flagge CY}} Syprus | bestjoerlike ienheid 1 = distrikt | namme bestjoerlike ienheid 1= Pafos | bestjoerlike ienheid 2...")
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Panagia Chryseleousa
Παναγία Χρυσελεούσα
Lokaasje
lân flagge fan Syprus Syprus
distrikt Pafos
plak Lysos
koördinaten 34° 59 N, 32° 30 'E
Arsjitektuer
boujier 15e iuw
Kaart
Panagia Chryseleousa (Syprus)
Panagia Chryseleousa

De Panagia Chryseleousa (Gryksk: Παναγία Χρυσελεούσα) is in tsjerkegebou fan 'e Tsjerke fan Syprus yn Lysos, yn it distrikt (Pafos) op Syprus.

Skiednis en beskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Panagia Chryseleousa waard yn 'e ein fan 'e 15e iuw yn 'e tiid fan it krúsfardersbewâld fan it Frankyske Hûs Lusignan yn 'e Byzantynske styl boud, mar mei goatyske arsjitektoanyske eleminten. Nei alle gedachten tsjinne de tsjerke yn 't earstoan allinnich foar de Frankyske hearen fan 'e Romeinske ritus.

Wapens.

Oars as de âldere Byzantynske arsjitektuer fan Syprus wurdt de ienskippige koepeltsjerke net mei in mei in healrûne apsis ôfsletten, mar mei in trijesidich koar, dat yn it easten in goatysk finster mei tichtmitsele maaswurk hat. De Frankyske kleastertsjerke Panagia Stazousa yn it easten fan it eilân hat in soartgelikense koar.

Boppe de súdlike en noardlike portalen fan 'e Panagia Chryseleousa binne Frankyske wapens fan 'e famyljes Gourry en Neville oanbrocht. Oan 'e noardlike kant is ek in goatysk maaswurkfries te sjen, in ûnderdiel dat mooglik net oarspronklik by de tsjerke heart.

Oan it begjin fan de 20e iuw waard de westlike muorre fan 'e tsjerke ôfbrutsen om de tsjerke út te wreidzjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: