Springe nei ynhâld

Kato Lefkara

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 aug 2024 om 07.20 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (Side makke mei "{{Universele ynfoboks stêd | namme = Kato Lefkara<br><small>Κάτω Λεύκαρα</small> | ôfbylding = LarnacaDistrictKatoLefkara.png | ôfbyldingsbreedte = 260 | ôfbyldingstekst = | wapen = | ynwennertal = 119 <small>(2021)</small> | oerflak = 11,59 km² | befolkingstichtens = | stêdekloft = | hichte...")
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Kato Lefkara
Κάτω Λεύκαρα
Bestjoer
Lân Syprus
Distrikt Larnaka
Sifers
Ynwennertal 119 (2021)
Oerflak 11,59 km²
Hichte 480 m
Oar
Tiidsône UTC +2
Simmertiid UTC +3
Koördinaten 34° 51' N 33° 19' E
Offisjele webside
katolefkara.org
Kaart
Kato Lefkara (Syprus)
Kato Lefkara

Kato Lefkara (Gryksk: Κάτω Λεύκαρα) is in berchdoarp yn it Syprioatyske distrikt Larnaka. Lykas yn it oanbuorjende doarp Pano Lefkara stiet it doarp bekend om de produksje fan Lefkaritika, tradisjoneel borduerwurk.

It plak leit op de súdeastlike útrinners fan it Troodosberchtme op sa'n 480 m hichte. It bekendere Pano Lefkara leit heger en noardlik fan Kato Lefkara.

De omkriten binne foar it grutste part rûch, mar der wurdt yn 'e omjouwing ek oan wynbou en de tylt fan oliven, amandels en fruchten dien.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kato Lefkara fan Wikimedia Commons.