1987
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1982 | 1983 | 1984 | 1985 | 1986 | 1987 | 1988 | 1989 | 1990 | 1991 | 1992 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1987 MCMLXXXVII |
Ab urbe condita | 2740 |
Armeenske kalinder | 1436 ԹՎ ՌՆԼԶ |
Etiopyske kalinder | 1979 – 1980 |
Hebriuwske kalinder | 5747 – 5748 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2042 – 2043 |
- Shaka Samvat | 1909 – 1910 |
- Kali Yuga | 5088 – 5089 |
Iraanske kalinder | 1365 – 1366 |
Islamityske kalinder | 1408 – 1408 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4683 – 4684 癸寅 – 甲卯 |
1987 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1987.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1980-er jierren.
Foarfallen
- 1 jannewaris - It riden op de fyts mei reflektoaren aan de sydkant fan de bannen, de saneamde fytsbânreflektor, wurdt ferplicht steld.
- Om heal jannewaris hinne sucht Nederlân ûnder in ekstreme kjeldperioade. De temperatuer komt op in soad plakken sels oerdei net boppe de -10° út en yn kombinaasje mei in hurde wyn is it sa ûnlijich dat it KNMI foar it earst warskôget thús te bliuwen.
- 20 jannewaris - Op it hichtepunt fan 'e Libaneeske Gizelderskrisis wurdt Terry Waite, de gesant fan 'e aartsbiskop fan Canterbury, dy't stjoerd wie om te bemiddeljen by de frijlitting fan 'e gizelders, sels yn gizeling nommen.
- 31 jannewaris - Foar it earst yn de skiednis wurdt in Nederlânske spylfilm ûnderskieden mei in Oscar. De Oanslach fan Fons Rademakers wurdt bekroand as de bêste net-Ingelsktalige film fan 1986.
- 1-2 maart - Benammen de provinsje Drinte wurdt troffen troch in ekstreem soad izel. Foarwerpen wurde bedutsen troch in iislaach fan op syn minst 1 sintimeter dik. Beammen en heechspanningsmêsten knappe ôf.
- 6 maart - Foar de Belgyske kust sinkt de fearboat MS Herald of Free Enterprise, wêrby't 193 opfarrenden om it libben komme.
- 6 maaie - De Frysktalige punkband Strawelte jout syn earste optreden.
- 9 septimber - Ferdi E. ûntfiert Ahold-topman Gerrit Jan Heijn en fermoardet him noch deselde dei. De ûntfiering hâldt Nederlân maonnenlang yn de besnijing, oant yn april 1988 Ferdi E. oppakt wurde kin.
- 19 oktober - De beurskrach op Swarte Moandei docht belizzers beevje. Nea earder sakken wrâldwiid de koersen op ien dei mei mear as 20%.
- 18 novimber - By de brân yn it King's Cross-metrostasjon yn Londen komme 31 minsken om.
- 8 desimber - Under de Palestinen yn de troch Israel besette gebieten, it Westjordaanlân en de Gaza-stripe, brekt in opstân út, dy't de namme Earste Intifada kriget.
- sûnder datum - Paul Rosenmöller is as bestjoerder fan it Ferfiersbûn FNV de driuwende krêft efter in wiken duorjende havenstaking.
- sûnder datum - Dearsum krijt in grutte wynturbine.
Berne
- jannewaris
- 8 - Rob Dekay, Nederlânsk sjonger
- 23 - Femke Hoeksma, Frysk sjongster fan 'e popgroep Three-ality
- 27 - Lupe Fuentes, Kolombiaansk pornoaktrise en discjockey
- febrewaris
- 7 - Summer Brielle, Amerikaansk pornoaktrise
- 12 - Kylee Strutt, Kanadeesk pornoaktrise
- 18 - Skin Diamond, Amerikaansk pornoaktrise
- 26 - Julia Bond, Amerikaansk pornoaktrise
- maart
- 5 - MJ Lee, Súdkoreaansk-Amerikaansk sjoernaliste en ferslachjouster
- 21 - Geart Tigchelaar, Frysk skriuwer en oersetter
- 28 - Kagney Linn Karter, Amerikaanske pornoaktrise
- april
- 12 - Brooklyn Decker, Amerikaansk aktrise en model
- 12 - Shawna Lenée, Amerikaansk pornoaktrise
- 24 - Alexa Nicole, Amerikaansk pornoaktrise
- maaie
- 7 - Anissa Kate, Frânsk pornoaktrise
- 15 - Andy Murray, Skotsk tennisser
- juny
- 19 - Crista Moore, Amerikaansk pornoaktrise
- 23 - Kayme Kai, Amerikaansk pornoaktrise
- july
- 20 - Nicola Benedetti, Skotsk fioeliste
- 29 - Mechiel Versluis, Frysk roeier
- 31 - Juelz Ventura, Amerikaansk pornoaktrise
- augustus
- 5 - Lexi Belle, Amerikaansk pornoaktrise
- 7 - Nieve Jennings, Skotsk model
- 10 - Chastity Lynn, Amerikaansk pornoaktrise
- 26 - Riley Steele, Amerikaansk pornoaktrise
- septimber
- 15 - Anke de Jong, Frysk tydskriftredaktrise
- novimber
- 4 - Tim Douwsma, Frysk sjonger en akteur
- 19 - Tarra White, Tsjechysk pornoaktrise
- desimber
- 8 - Kacie Castle, Amerikaansk pornoaktrise
- 14 - Aletta Ocean, Hongaarsk pornoaktrise
Ferstoarn
- 2 febrewaris - Alistair MacLean, Skotsk skriuwer (* 1922)
- 21 febrewaris - Jan Rodenhuis, Frysk keatser en sportbestjoerder (* 1917)
- 22 febrewaris - Andy Warhol, Amerikaansk keunstskilder (* 1928)
- 3 maart - Danny Kaye, Amerikaansk akteur en komyk (* 1911)
- 25 maart - Hotse Bartlema, Frysk roeier (* 1911)
- 13 juny - Sake Lieuwe Tiemersma, Frysk komponist, oargelist en dirigint (* 1912)
- 22 juny - Fred Astaire, Amerikaansk dûnser en akteur (* 1899)
- 21 augustus - Jan Siebenga, Frysk bistedokter (* 1903)
- 28 augustus - John Huston, Amerikaansk regisseur (* 1905)
- 6 oktober - Jaap Min, Nederlânsk ekspresjonistysk keunstskilder (* 1914)
- novimber
- 24 - Anton Pieck, Nederlânsk tekener en yllustrator (* 1895)
- 30 - Simon Carmiggelt, Nederlânsk sjoernalist en skriuwer (* 1913)
- desimber
- 1 - Hartog Beem, Nederlânsk skiedkundige (* 1892)
- 24 - Joop den Uyl, premier fan Nederlân (* 1919)
Literatuer
- prizen
- De Russysk-Amerikaanske skriuwer Joseph Brodsky wint de Nobelpriis foar de Literatuer
- romans
- Elie Wiesel, Le Crépuscule, au Loin (oerset yn it Frysk as Twiljocht)
- Johano Strasser, Der Klang der Fanfare (oerset yn it Frysk as De Klank fan de Fanfare)
- novelles
- koarte ferhalen
- non-fiksje
- Betty Mahmoody, Not Without My Daughter (oerset yn it Frysk as Net Sûnder Myn Famke)
Films
Tillefyzje
Byldzjende keunst
-
Untitled (2-dielig) (1987) Richard Artschwager, Rotterdam
-
Fulcrum'(1987) Richard Serra, Londen
-
Stormvogel (1987) Egbert Hanning, Hegesân
Boukeunst
-
Earder NMB haadkantoar Amsterdam Súdeast, Ton Alberts
-
Migros OM Supermarket, Bern-Ostermundigen (1987) Justus Dahinden
Jierren: | 1982 | 1983 | 1984 | 1985 | 1986 | 1987 | 1988 | 1989 | 1990 | 1991 | 1992 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|