Springe nei ynhâld

Andy Murray

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 des 2020 om 23.33 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Andy Murray
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Andrew Barron Murray
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 15 maaie 1987
berteplak Glasgow (Skotlân)
etnisiteit Skotsk
lingte 1.91 m
sportive ynformaasje
sport tennis
ûnderdiel inkelspul, dûbelspul
O.S. Peking 2008
Londen 2012
debút 2005
wichtige prestaasjes
Olympyske Spullen: 1x goud
Wimbledon: 1x goud
US Open: 1x goud
Olympyske Spullen: 1x sulver
Wimbledon: 1x sulver
US Open: 1x sulver
Australian Open: 4x sulver
Dizze side giet oer de Britske tennisser. Foar de Kanadeeske iishockeytrainer, sjoch: Andy Murray (iishockeytrainer).

Andy Murray (útspr.: ['ændi 'mʌɹi], likernôch: "endy marry"; folút: Andrew Barron Murray; Glasgow, 15 maaie 1987) is in Britsk tennisser fan Skotsk komôf, dy't fanôf 2005 de Britske tennissport behearsket. Hy is de bêste Britske tennisser sûnt de jierren santich, en de bêste Britske manlike tennisser sûnt de jierren tritich. Yn 2012 wûn Murray it US Open-tennistoernoai, yn 2013 folge troch it prestizjeuze tennistoernoai fan Wimbledon. Op 'e Olympyske Spullen fan Londen, yn 2012, behelle er de goudene medalje yn it inkelspul en de sulverne medalje yn it mingd dûbelspul.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Murray waard yn 1987 berne yn 'e Skotske havenstêd Glasgow as de soan fan William Murray en Judith Erskine. Hy is in lid fan 'e Skotske Clan Murray, en hat in âldere broer, Jamie, dy't ek profesjoneel tennisser is, mar benammen aktyf is yn it dûbelspul. Harren pake oan memmekant, Roy Erskine, wie ein fyftiger jierren in profesjoneel fuotballer. Andy Murray waard berne mei in bipartite patella, wat ynhâldt dat ien fan syn knibbelskiven noch altyd bestiet út twa ûnderskate bonken, dy't normaal yn 'e iere jonkheid oaninoar hearre te groeien. Doe't er sechstjin jier wie, waard dizze krupsje by him fêststeld, en hoewol't it him der net fan wjerholden hat om ien fan 'e bêste tennissers fan 'e wrâld te wurden, hat it him perfoarst wol behindere, mei't er faak pine oan 'e knibbel hat en him dêrtroch sels út tennistoernoaien weromlûke moatten hat.

Murray mei syn broer Jamie Murray (2011).

Murray groeide op yn it Skotske Dunblane, dêr't er op 'e Dunblane Primary School oanwêzich wie en beskûl socht ûnder syn skoalbank doe't Thomas Hamilton dêr yn 1996 ûnder it Skoallebloedbad fan Dunblane sechstjin learlingen en in ûnderwizer deaskeat foar't er himsels fan it libben berôve. Sels seit Murray, dy't fierders net oer it ynsidint prate wol, dat er doe noch te jong wie om te beseffen wat der barde. Doe't er tsien jier wie, giene syn âlden útinoar. Neitiid folge er de middelbere skoalle yn Dunblane, en mei fyftjin jier wiisde er in oanbod fan 'e fuotbalklub Rangers F.C. ôf om by harren in sportoplieding te folgjen.

Doe't er noch mar trije jier wie, begûn Murray op oantrúnjen fan syn mem Judith al mei tennissen. Mei fiif jier naam er foar it earst oan in toernoai diel, en op syn achtste naam er it op tsjin folwoeksenen yn 'e Central District Tennis League. Op syn fyftjinde gied er nei it Spaanske Barseloana, dêr't oan 'e Schiller Ynternasjonale Skoalle fierder learde en ûnderwilens deistige tennislessen ûntfong oan 'e Sánchez-Casal Akademy. Foar in ferbliuw fan oardel jier yn Barseloana moasten Murray syn âlden £40.000 op 'e tafel lizze. Yn 2003, doe't er sechstjin jier wie, sette Murray útein mei tennisspyljen yn it junioaresirkwy, wêrby't er yn 2004 it Amerikaansk Iepen Tenniskampioenskip foar junioaren wûn.

Yn 2005 begûn Murray oan syn prof-karriêre, wêrby't er gearwurke hat mei ferskate treners, lykas Ivan Lendl en Amélie Mauresmo. Sûnt 27 febrewaris 2006 hat Murray ûnôfbrutsen (oant no, ein 2015) de rang fan bêste Britske manlike tennisser beklaaid. Op 16 april 2007 waard er troch de ATP foar it earst yn 'e wrâldwide top tsien pleatst. Murray stiet bekend as ien fan 'e meast oanhâldend goede tennissers fan 'e wrâld, mei't er sûnt 2011 teminsten de kwartfinale berikt har yn elt grand slam-toenoai dêr't er oan dielnommen hat.

Op 'e Olympyske Spullen fan Londen, yn 2012, fersloech Murray de Switser Roger Federer yn 'e finale fan it manljusinkelspul, wat him ta de earste Britske Olympysk inkeltalkampioen yn mear as hûndert jier makke. Dêrnjonken wûn er tegearre mei Laura Robson ek in sulverne medalje yn it mingd dûbelspul, al ferlearen se de finale fan 'e Wytrussen Maks Mirnyi en Viktoria Azarenka.

Murray yn 2012.

Yn 2008 ferlear Murray de finale fan it Amerikaansk Iepen Tennniskampioenskip fan Federer, mar yn 2012 wûn er de finale fan datselde toernoai yn fiif sets fan 'e Serf Novak Đoković. Dêrmei waard er de earste Brit dy't sûnt 1977 in grand slam-toernoai wûn en de earste Britske man dy't dat die sûnt 1936. Teffens is Murray de iennichste tennisspiler ea dy't sawol in Olympyske goudene medalje as it Amerikaansk Iepen wûn hat. Op it Australysk Iepen Tenniskampioenskip helle Murray de finale fjouwer kear, yn 2010, 2011, 2013 en 2015, mar ferlear er dy hieltyd, de earste kear fan Federer en de oare trije kearen fan Đoković.

Murray yn 2013 mei de Wimbledon- trofee.

Op it Britsk Iepen Tenniskampioenskip, better bekend as Wimbledon, helle Murray yn 2012 de finale, mar ferlear er yn fjouwer sets fan Roger Federer. Op 7 july 2013 wûn er lykwols it Wimbledon-toernoai fan dat jier troch yn trije sets ôf te weven mei Novak Đoković. Murray wie de earste Britske man dy't Wimbledon wûn sûnt Fred Perry dat yn 1936 foar it lêst dien hie. Dêrfandinne dat Murray troch de BBC ta Britske sportpersoan fan it jier 2013 útroppen waard.

It iennichste grand slam-toernoai dêr't Murray noch nea foarby de kwartfinales kommen is, is it Frânsk Iepen, better bekend as Roland Garros. Yn 2014 waard berekkene dat Murray oant doe ta mear as $37 miljoen oan prizejild binnenhelle hie. Yn 2008 publisearre Murray syn autobiografy, dy't er ûnder de titel Hitting Back útbrocht by útjouwerij Random House.

Yn 2005 begûn Murray in relaasje mei Kim Sears, de dochter fan 'e tennistrener (en eardere tennisser) Nigel Sears. Hja ferloofden harren yn novimber 2014 en it houlik fûn plak op 11 april 2015, yn 'e katedraal fan Dunblane. Kim Sears is in keunstneresse dy't de kost fertsjinnet mei it meitsjen fan portretten fan húsdieren. Yn febrewaris 2013 kocht Murray foar £1,8 miljoen fiktoriaanske lânhûs Cromlix House, op it plattelân fan Perthshire (sintraal Skotlân), dat yn april 2014 iepen gie as in fiifstjerrehotel mei fyftjin keamers. Letter dyselde moanne krige Murray in earedoktoraat útrikt fan 'e Universiteit fan Stirling, by wize fan erkenning fan syn ynset foar it tennis.

Hoewol't Murray dúdlik makke hat dat er him yn it foarste plak Skot fielt en dêrnei pas Brit, hold er him lang op 'e flakte oangeande it Skotske ûnôfhinklikheidsreferindum, dat op 19 septimber 2014 holden waard. Uteinlik publisearre er in pear dagen foar it referindum in tweet dy't delkaam op in oprop om foar ûnôfhinklikens te stimmen. Op it oppenearjen fan syn miening krige Murray in protte ûnfoege reäksjes, wêrûnder guon fan sa'n kaliber dat de plysje deroer gear moast. Sa waard yn ien reäksje it Skoallebloedbad fan Dunblane oanhelle en sein dat it spitich wie dat Murray dat oerlibbe hie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.