Springe nei ynhâld

Sansibaroarloch: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red
L jier en dei
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:AngloZanzibarWar.jpg|thumb|Ynstoarte gebou nei de oanfal]]
[[Ofbyld:AngloZanzibarWar.jpg|thumb|Ynstoarte gebou nei de oanfal]]
De '''Sânsibaroarloch''' is de koartste optekene oarloch ea.
De '''Sânsibaroarloch''' op [[27 augustus]] [[1896]] is de koartste optekene oarloch ea.

By it ferstjerren fan Sultan [[Hamad bin Thuwaini fan Sânsibar]] op [[25 augustus]] [[1896]] kaam út de ynterne polityk fan [[Sânsibar]] syn omkesizzer [[Khalid bin Barghash fan Sânsibar|Khalid bin Bargash]] nei foaren as nije machthawwer. De âlde Sultan hie, nei it ynsicht fan de Britten, goed gearwurke mei [[Grut-Brittanje]] yn de kamp tusken Grut-Brittanje en [[Dútslân]] om de ynfloed yn Sânsibar, mar de nije Sultan wie op de hân fan de Dútsers.

De ferzje fan 10 feb 2015 om 23.11

Ynstoarte gebou nei de oanfal

De Sânsibaroarloch op 27 augustus 1896 is de koartste optekene oarloch ea.

By it ferstjerren fan Sultan Hamad bin Thuwaini fan Sânsibar op 25 augustus 1896 kaam út de ynterne polityk fan Sânsibar syn omkesizzer Khalid bin Bargash nei foaren as nije machthawwer. De âlde Sultan hie, nei it ynsicht fan de Britten, goed gearwurke mei Grut-Brittanje yn de kamp tusken Grut-Brittanje en Dútslân om de ynfloed yn Sânsibar, mar de nije Sultan wie op de hân fan de Dútsers.

De Britten hienen dêrom leaver Hamud bin Muhammed as Sultan, dêr't se fan tochten dat er meiwurksummer wêze soe. Dat se beskôgen Khalid bin Barghash as in usurpator en easken mei in ultimatum syn ôfgean. Khalid bin Barghash akseptearre de Britske bemuoiïng mei de ynterne saken fan Sânsibar net, en hy brocht it ienichste oarlochsskip dat Sânsibar hie ta paratens, wylst in leger fan likernôch 2.800 man de ferdigening fan it paleis opsette.

De Britten settten Britske mariniers oan wâl op it eilân, en doe't op 27 augustus om njoggen oere it ultimatum ôfrûn en de oarloch begûn, iepenen trije Britske oarlochsskippen it fjoer op it eilân. Sânsibar koe him hjir net tsjin ferdigenje, en koe fanwegen it Helgolânferdrach ek net rekkenje op stipe fan Dútslân, dat fjirtich minuten letter kapitulearre it eilân.

Sultan Khalid bin Bargash krige asyl fan Dútslân. Hamud bin Muhammed waard syn opfolger as Sultan fan Sânsibar. Sânsibar waard in koloanje fan Grut-Brittanje, yn elts opsicht útsein de formiele steat.

Sjoch ek

Berjocht:Link FA Berjocht:Link FA Berjocht:Link FA Berjocht:Link FA Berjocht:Link GA Berjocht:Link GA