Springe nei ynhâld

Jacob Roggeveen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - oars: hr:Jacob Roggeveen
L r2.7.1) (Bot - derby: zh:雅可布·罗赫芬
Rigel 51: Rigel 51:
[[uk:Якоб Роггевен]]
[[uk:Якоб Роггевен]]
[[vi:Jakob Roggeveen]]
[[vi:Jakob Roggeveen]]
[[zh:雅可布·罗赫芬]]

De ferzje fan 9 mai 2012 om 01.26

Roggeveen syn rûte

Jacob Roggeveen (jannewaris 1659- 31 jannewaris 1729) wie in Nederlânske ûntdekkingsreizger dy't útstjoerd waard om it Súdlân te sykjen, mar tafallich Peaske-eilân ûntduts.

Foardat er syn ferneamde reis begûn wie er notaris fan Middelburch fan 30 maart 1683 ôf. Op 12 augustus 1690 promovearre er ta doktor yn de rjochten oan de Universiteit fan Hurderwyk, en tusken 1707 en 1714 wie er Riedshear fan Justysje te Batavia.

Syn heit, Arent Roggeveen, wie in wiskundige mei in protte ferstân fan stjerrekunde, ierdrykskunde en de teory fan de seefeart. Hy hâlde him dwaande mei ûndersyk nei it Súdlân en krige op seker stuit sels in oktroai foar in ekspedysje fan de West Ynjeske Kompanjy (WYK), mar it slagge soan Jacob úteinlik om de reis te meitsjen doe't er it jild garre hie.

Yn augustus 1721 sette er útein mei de ekspedysje, yn tsjinst fan de WYK. De float bestie út trije skippen: de Arend, de Thienhoven en de Afrikaansche Galey. Earst die er de Falklâneilannen oan, dy't er 'Belgia Australis' werneamde. Hy sylde om Kaap Hoarn hinne de Grutte Oseaan op. Hy besocht de Juan Fernandez eilânnen en op 5 april 1722 (peaskesnein) ûntdekte er Peaske-eilân. Dêr trof er 2000 oant 3000 bewenners oan. Fia de Tuamotu-Arsjipel, de Genoatskipseilannen en Samoa farde er nei Batavia (no Jakarta). Dêr waard er lykwols fêst set om't er it monopoalje fan de FEK trochbrutsen hawwe soe. De FEK waard letter twong om him frij le litten, syn skea te fergoedzjen en de bemanning har lean te beteljen. Yn 1723 kaaam Roggeveen yn Nederlân werom.

Roggeveen publisearre letter diel 4 fan 's Werelds afgod.

Jacob Roggeveen hat twa kear troud west mar hat gjin bern krigen.

Literatuer

  • Jacob Roggeveen - Twee jahrige reyze rondom de wereld met drie scheper (1721) door last v.d.: Nederl Westind, Maatschappen, Dordtrecht 1728.

Keppeling om utens