Wapen fan Easterein

It wapen fan Easterein is it wapen fan it doarp Easterein, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2001 registrearre.

Wapen fan Easterein

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn fjouweren: I en IV. yn read in sulveren klaver; II. yn goud in reade kliuwende liuw; III. yn goud in swarte kliuwende liuw; in griene skyldrâne.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver, goud, sabel (swart) en sinopel (grien).

  • Fouwerdieling: ferwiist nei de yndieling fan de himrik yn fjouwer dielen.
  • Skyldrâne: stiet foar it oarspronklik bedykte eilân wêr Easterein op leit.
  • Swarte liuw: oernommen út it wapen fan de famylje Donia, dy't de Doniastins fan it doarp bewenne.
  • Reade liuw: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Burmania, dy't de Uniastate fan it doarp bewenne.
  • Klavers: symboalen foar it agraryske karakter fan it doarp.