Wûns
Wûns is in doarp yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân, súdwest fan Wytmarsum. Under it doarp falle de buorskippen Doanjewier, Haaium, Goaium, Mountsjewier en De Wearen. It eardere doarp Ingwier foel foar in skoft ek ûnder Wûns.
Wûns | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 290 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 7,09 km², wêrfan: - lân: 7,02 km² - wetter: 0,07 km² | |
Befolkingsticht. | 39,17 km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 5' NB, 5° 25' EL | |
Offisjele webside | ||
hiemside Wûns | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Wûns yn 'e eardere gemeente Wûnseradiel |
It doarp hat 290 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste kear dat Wûns neamd wurdt is as 'Wildinghe yn 1270. Letter wie der ek sprake fan Veldenzee (1290), Weldenzie (1298), Wildinghe (1310), Weldinghe (1327), Woldens (1374 en 1474), Wildinge, Wondenze (1404) , Woudens en yn 1495 wie it Wons.[3] Op de lytse terp hawwe nea huzen stien, mar nei alle gedachten waard der earder rjocht sprutsen.
Yn 1728 is yn it stee fan in midsiuwske tsjerke in achthoekich protestantske tsjerke boud mei in piramidefoarmich dak mei in klokkoepeltsje. De âlde klok út 1595 klok waard yn 'e oarloch meinommen troch de Dútsers. Op de toer stiet ynstee fan in wenstige hoantsje in hart. It doarpswapen fan Wûns hat ek in hart. De tsjerke stiet bekend as it 'Wûnzer teebuske'.
De Fryske dichter Jan Cornelis Pieter Salverda, (Boalsert (28 juny 1783 - Wûns 7 maart 1836) wie skoalmaster yn Wûns. Syn tragyske libbensrin en spjalten persoanlikheid waarden troch syn freon en beskermer Joast Halbertsma oangripend beskreaun. Der sit in tinkstien oan him yn de tsjerkemuorre.
Oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich wienen de stellingen Wûns en Koarnwertersân tige wichtich.
Oant 2011 lei Wûns yn de eardere gemeente Wûnseradiel.
Mienskip
bewurkje seksjeOan de Noarderleane stiet doarpshûs It Bynt. It doarp hat in feriening foar doarpsbelang en de doarpskrante hjit Us it Hert.
Skoalle
bewurkje seksjeWûns hie oant 2015 in basisskoalle; de JCP Salverdaskoalle. De skoalle waard sletten om 't it tal bern ûnder de noarm fan 23 bern sakke.[4]
Tsjerke
bewurkje seksjeDe Protestanske tsjerke fan Wûns is tsjintwurdich by in stifting ûnderbrocht.
Ferienings
bewurkje seksje- Fanfare Hosanna
- Begraffenisferiening De Laatste Eer.
- sjongferiening It Woldinghekoar
- Keatsferiening Wûns
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 172 | 462 | 423 | 380 | 348 | 302 | 300 | 285 | 296 |
Boarne 2015 en 2020: Alle Cijfers
Berne
bewurkje seksje- Jan Cornelis Pieter Salverda (1783-1833), Frysk dichter en skoalmaster yn Wûns. De eardere basisskoalle wie nei him ferneamd.
- Perfester Rommert Politiek (1926-2014), grûnlizzer fan de hjoeddeistige feefokkerij.
Strjitten
bewurkje seksjeGoaiumerleane, Haaiumerleane, Tsjerkestrjitte, Noarderleane, Alde Skoalpaad, Pastorijelân, Rykswei A7, Salverdastrjitte (neamd nei Jan Cornelis Pieter Salverda), Terpwei, Wearsterwei, Wildingheleane.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|