Sije Laverman
Sije Laverman (Huzum, 29 juny 1863 - Amsterdam, 5 july 1919)[1] wie in Frysk haadkondukteur dy't op lettere jierren noch mei skriuwerij yn 't Frysk begûn.
Ut syn libben
bewurkje seksjeSije waard berne yn Huzum. Hy wurke by it spoar en wenne yn Harns, Almelo, Amersfoart en úteinlik Amsterdam. Hy wie 22 jier doe't er boaske oan Grytsje Terpstra (1862 - 1927). Yn Amersfoart wie er foarsitter fan de Fryske Krite 'Ut en thús' en mei syn frou ynskreaun by de Remonstrantske gemeente. Yn Amersfoart is er ek út ein set mei it publisearjen fan syn wurk. As skriuwer hie er syn hichte punt fan 1907 oant yn 1912. Hy brûkte tige aparte fersfoarmen en moderne styleleminten, oars as wenst wie yn Fryske literêre rûnten fan dy tiid.
Hy stoar yn de âldens fan mar 56 jier. Nei syn dea waard er rillegau fergetten en hy komt net foar yn literêre neislachwurken.
Wurk
bewurkje seksjeIn kar:
- 1907 - Libbe en Luts of dichter troch alles hinne. Spotsk ferhaal oer poëzij en dichterskip
- 1908 - Wer thús. Gedicht yn in opfallende nije styl
- 1909 - Dit rymt... net! en Yn myn loftskip. Ferzen
- 1909 - Hjir bin ik
- 1910 - Wêr't wy fan witte. Fers mei tige nijmoadrige styleleminten
- 1912 - Joast. Fers oer freonskip
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|