PC
De Keninklike PC (in Nederlânske ôfkoarting foar Permanente Commissie; Frysk: "Permaninte Kommisje") is de wichtichste Fryske keatspartij foar manlju. Dit evenemint wurdt sûnt 1850 yn prinsipe alle jierren holden, en fynt plak op it Sjûkelân yn Frjentsjer. Tsjintwurdich dogge oan dizze partij 16 partoeren mei. Allinne troch it KNKB selektearre haadklassers en earste-klassers komme yn oanmerking en nim diel oan 'e PC. Op dizze keatspartij komme alle jierren sa'n 12.000 belangstellenden ôf. De PC wurdt holden op 'e fyfde woansdei fan 1 july ôf. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Permaninte Kommisje fan de Frjentsjerter Balferkeatsersdei (Nederlânsk en offisjeel: Permanente Commissie der Franeker Balverkaatsersdag). Troch omstannichheden hat de PC yn syn skiednis fjouwer kear in jier oerslaan moatten. Sadwaande waard yn 2024 de 171e edysje holden.
PC | ||
De finale fan 'e PC 2006. | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Frjentsjer | |
holden yn | Sjûkelân | |
datum | 5e woansdei nei 30 juny | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | sportevenemint (keatsen) | |
bestean | 1850 – no | |
org. troch | Permaninte Kommisje fan de Frjentsjerter Balferkeatsersdei | |
offisjele webside | ||
www.pc-franeker.nl |
Skiednis
bewurkje seksjeIt keatsen yn Frjentsjer is gâns âlder as de PC. It is wis dat op it Ald Keatsfjild (no in strjitte tusken de Stasjonsbrêge oer it Van Harinxmakanaal en Saakstra's Brêge oer de Alde Trekfeart) om 1650 hinne al keatst waard. Yn 1850 en folgjende jierren waarden op dat plak ek de earste keatspartijen organisearre dy't letter (mei weromwurkjende krêft) PC komme soene te hjitten. Oer dy iere PC's is mar sa'n bytsje oerlevere, dat sels de nammen fan 'e winners net bekend bleaun binne.[1] De organisaasje wie yn dy tiid yn 'e hannen fan ferskate Frjentsjerter kastleins.
Yn 1853 rjochte in fiiftal Frjentsjerter winkellju ûnder lieding fan Jan Bogtstra in kommisje op foar wat doe noch de 'Keatspartij te Frjentsjer' neamd waard. Dy kommisje wie yn it foarste plak bedoeld om 'e organisaasje fan it jierlikse evenemint op him te nimmen en om 'e regels en prosedueres fêst te lizzen. Yn bredere sin wie it doel de befoardering en it yn stân hâlden fan it keatsen en de "feredeling" (fierdere ûntwikkeling) fan wat doe as in ienfâldich folksfermaak sjoen waard. Troch it wurk fan dy kommisje, dat mei de edysje fan 1854 begûn, binne fan dy tiid ôf (njonken bestjoerlike en prosedurele ynformaasje) de nammen fan dielnimmers en winners fan 'e PC oerlevere.[2]
Yn 1855 waard de partij foar it lêst op it Ald Keatsfjild holden; mei yngong fan 'e edysje fan 1856 ferhuze de PC nei it Sternse Slotland, better bekend as it Sjûkelân, dêr't it evenemint neitiid altyd bleaun is.[3] Fan 1866 ôf hiet de kommisje de Permaninte Kommisje fan de Frjentsjerter Balferkeatsersdei (offisjeel: Permanente Commissie der Franeker Balverkaatsersdag). Doe (en net earder) kaam ek de keatspartij dy't troch de kommisje organisearre waard, bekend te stean as de PC. Njonken Jan Bogtstra, dy't yn 1887-1888 foar de PC de earste bûtenlânske keatskontakten lei, wie ek mr. Klaas Bijlsma in legindarysk PC-bestjoerder.[2]
Sûnt 1850 is de PC fiif kear net trochgien: yn 1859 fanwege in pokke-epedemy (of mooglik troch jildgebrek); yn 1866 fanwegen in goalera-epidemy; en yn 1943 en 1944 fanwegen de Twadde Wrâldoarloch.[2][4] Yn 2020 waard de PC ôflast troch Corona. It bestjoer fûn in PC mei in beheind oantal taskôgers op it Sjûkelân net PC-wurdich.[5] Yn 1883 waard de tradysje ynfierd dat út it winnend partoer fan 'e PC troch de saneamde 'keningskommisje' in kening oanwiisd wurdt. It keningskip op 'e PC is de heechste eare dy't in Fryske keatser behelje kin. De direkte oanlieding ta dizze fernijing wie dat de kommissaris fan de kening, mr. Binnert Philip baron van Harinxma thoe Slooten, dat jiers de Sulveren Keningsbal beskikber stelde, in kostbere wikselpriis foar de kening fan 'e PC.[2]
Under de Earste Wrâldoarloch, doe't der in soad Belgyske flechtlingen yn Nederlân wiene, waard de PC yn 1916 wûn troch in partoer fan twa Friezen en in Belch en yn 1917 troch in partoer fan trije Belgen.[1] Fan 'e 1990-er jierren ôf wurdt de PC elts jier op 'e regionale tillefyzje útstjoerd troch Omrop Fryslân. Mei it 150-jierrich bestean fan 'e PC, yn 2003, waarden op it Sjûkelân by wize fan tinkteken twa tuorren pleatst.[6] De PC krige doe ek it predikaat Keninklik taparte.[2] Yn 2018 makke de PC ûnderdiel út fan 'e Keatswike, dy't dat jiers ûnder it biedwurd Heedaar! organisearre waard yn it ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018.[7][8]
Yn 2020 moast de 167e edysje fan 'e PC oergean fanwegen de wrâldwide pandemy fan it koroanafirus.[9] Yn 'e nûmering fan 'e PC's waard it sifer 167 lykwols al oan 2020 ferbûn, sadat de earstfolgjende PC, yn 2021, nûmer 168 waard.[10] (Earder, doe't de PC yn 'e njoggentjinde iuw oergie fanwegen epidemyen en yn 'e tweintichste iuw fanwegen de Twadde Wrâldoarloch, wie de nûmering mei fersprongen, sadat bgl. op 'e 91e PC yn 1942 de 92e yn 1945 folge.)
Tiid en plak
bewurkje seksjeSûnt 1856 wurdt de PC holden op it Sjûkelân, in keatsfjild dat yn 'e Frjentsjerter binnenstêd oan 'e noardkant fan 'e Fiverstrjitte leit, rjocht foar de ôfslach nei de Foarstrjitte oer. It is net tafallich dat oan 'e noardein fan 'e Foarstrjitte ek it Keatsmuseum stiet. Oan 'e PC dogge 16 partoeren mei fan elts trije manlju. Allinnich troch it KNKB selektearre haadklassers en earste-klassers komme yn oanmerking foar dielname.
De PC wurdt elts jier holden op 'e fyfde woansdei nei 30 juny, wat delkomt op 'e fyfde woansdei yn july of de earste woansdei yn augustus, ôfhinklik fan 'e kalinder. De PC kin beskôge wurde as it Frysk kampioenskip keatsen foar manlju. Persiis ien wike letter wurdt yn Wommels de Freulepartij organisearre, dat de wichtichste keatswedstryd foar jonges is. Der bestiet ek in froulike wjergader fan 'e PC. Dat is de Frouljus-PC, dy't persiis trije wiken nei de PC ferkeatst wurdt yn Weidum.
Organisaasje
bewurkje seksjeDe PC wurdt organisearre troch de Permaninte Kommisje fan de Frjentsjerter Balferkeatsersdei (Nederlânsk en offisjeel: Permanente Commissie der Franeker Balverkaatsersdag). Dat is in yn 1853 oprjochte organisaasje dy't bestjoerlik en finansjeel ûnôfhinklik is fan it KNKB. De kommisje is in orgaan dat bestiet út fiif (meastal) manlike leden sûnder maksimale sittingstermyn, en dat himsels troch koöptaasje oanfollet.[2]
Tradysjes omtrint organisaasje en iepening
bewurkje seksjeDe PC wurdt omjûn troch âlde tradysjes dy't mei soarch libben holden wurde. In wat frjemde ein yn 't byt is datoangeande de 'Keats Off', dy't pas yn 2012 ynfierd is. Foarhinne waarden alle sechstjin dielnimmende partoeren troch de kommisje oanwiisd, mar sûnt 2012 wurde der njoggentjin partoeren oanwiisd. De earste fyftjin pleatse har streekrjocht, mar om it lêste, sechstjinde plak moat keatst wurde tusken de partoeren 16 oant en mei 19. Dy saneamde Keats Off wurdt op it Sjûkelân holden, op 'e tongersdei foarôfgeande oan 'e PC fan 18.00 oere ôf. Dat barren is foar it publyk fergees tagonklik.[11] Dêrnei jildt de haadklassewedstryd fan Arum, dy't op 'e snein foar de PC organisearre wurdt, al sûnt jier en dei as de 'generale repetysje' foar de PC.[11] De lotting fynt plak op 'e jûn fan 'e moandei foar de PC.[12] Mei-inoar wurde de Keats Off, de wedstryd yn Arum en de lotting ek wol de 'Prolooch' fan 'e PC neamd.[11] De tiisdei tusken de lotting (op moandei) en de PC (op woansdei) yn, wurdt tradisjoneel de 'tuskenynse dei' neamd, in term dy't yntrodusearre waard troch PC-foarsitter Klaas Bijlsma.[13]
De iepening fan 'e PC set útein mei in publyk tagonklike resepsje yn Teäter De Koornbeurs, dy't moarns stipt om 8.00 oere begjint. De fiifkoppige kommisje ferskynt dêr yn rokkostúm en mei hege hoed op. De foarsitter hâldt tradisjoneel in taspraak fan likernôch in trije kertier, wêryn't er oantinkens oan 'e 'goeie âlde tiid' opropt en de winners fan 'e PC fan fyftich jier earder yn it sintsje set, ynsafier't dy oanwêzich binne. Dêrnjonken wurde ek aktuële en organisatoaryske saken oan 'e oarder steld. Hy beslút syn taspraak tradisjoneel mei de wurden: "It giet los." Dêrnei wurde de kening fan it foargeande jier, dy syn beide partoersmaten fan it foargeande jier, de haadskiedsrjochter en de kommisjeleden sels yn iepen rydtugen nei it keatsfjild riden, foarôfgien troch it Stedsk Muzykkorps Harmony, dat ek al oardel iuw bestiet. De optocht giet it hiele ein stadich troch in tichte hage fan publyk en arrivearret om likernôch 9.15 oere op it Sjûkelân. Dêr docht de âlde kening ôfstân fan 'e Sulveren Keningsbal, dy't dêrnei troch de foarsitter fan 'e kommisje foar eltsenien sichtber yn 'e PC-koepel ophongen wurdt. Om persiis 10.00 oere begjinne de wedstriden.[14]
Klasseminten
bewurkje seksjePunteklassemint
bewurkje seksjeYn it PC-klassemint aller tiden steane Piet Jetze Faber en (sûnt 2022) Taeke Triemstra mei 35 punten op in dield 3e plak, 4 punten efter de legindaryske Harnzer keatser Hotze Schuil, dy't 39 PC-punten byinoar sloech.
Tal kearen wûn
bewurkje seksjeAllinne Taede Zijlstra fan Wytmarsum en Jan Reitsma sr. fan Penjum slagge it de PC 9 kear op harren namme te skriuwen. Goede trêde op dizze list is Piet Jetze Faber mei 8 kear winst. Klaas Boorsma en Sjirk de Wal wûnen beide 7 kear, folge troch Hotze Schuil mei 6 kear winst (út mar leafst 13 finalepartijen). Dyselde moat syn plak diele mei Sake Saakstra en Jan E. Bonnema en sûnt 2021 ek mei Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra.
Keningskippen
bewurkje seksjePiet Jetze Faber fan Froubuorren is wat it keningskip fan 'e PC oanbelanget de ûnbekreaude listoanfierder: hy krige 4 kear de keningsbal omhongen. Sân keatsers foel 3 kear de heechste PC-eare ta diel: Minze de Vries fan Bitgum, Hotze Schuil fan Harns, Taede Zijlstra fan Wytmarsum, Klaas Kuiken fan Sint-Anne, Tunno Schurer fan Arum, Lammert Scheltes Hilarides fan Penjum en Jan Reitsma sr. fan Penjum.
Hotze Schuil, dy't yn 2005 ferstoar, waard yn 2000 troch it PC-bestjoer útroppen ta 'keatser fan 'e (tweintichtste) iuw'.
Klaverke Fjouwer
bewurkje seksjeDe PC is mei de Freulepartij, yn Wommels. en de Jong Nederlânpartij en de Bûnspartij foar Senioaren, beide yn Frjentsjer, ien fan 'e keatswedstriden dy't diel útmeitsje fan it saneamde Klaverke Fjouwer. Dat is in bysûndere priis, ynsteld troch de PC, foar keatsers dy't it slagget en win al dy fjouwer partijen.
Winners fan 'e PC
bewurkje seksjeHjirûnder in list mei de winners fan 'e PC, fan 1854 ôf. Spitigernôch is de oer de winners fan 'e edysjes dy't fan 1850 oant en mei 1853 ferkeatst waarden, neat oerlevere.[1]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeTema:Keatsen – De Wikipedy hat ek in temaside oer it keatsen
Keninklike PC |
---|
· 1850 · 1851 · 1852 · 1853 · 1854 · 1855 · 1856 · 1857 · 1858 · 1859 · 1860 · 1861 · 1862 · 1863 · 1864 · 1865 · 1866 · 1867 · 1868 · 1869 · 1870 · 1871 · 1872 · 1873 · 1874 · 1875 · 1876 · 1877 · 1878 · 1879 · 1880 · 1881 · 1882 · 1883 · 1884 · 1885 · 1886 · 1887 · 1888 · 1889 · 1890 · 1891 · 1892 · 1893 · 1894 · 1895 · 1896 · 1897 · 1898 · 1899 · 1900 · 1901 · 1903 · 1904 · 1905 · 1906 · 1907 · 1908 · 1909 · 1910 · 1911 · 1912 · 1913 · 1914 · 1915 · 1916 · 1917 · 1918 · 1919 · 1920 · 1921 · 1922 · 1923 · 1924 · 1925 · 1926 · 1927 · 1928 · 1929 · 1930 · 1931 · 1932 · 1933 · 1934 · 1935 · 1936 · 1937 · 1938 · 1939 · 1940 · 1941 · 1942 · 1943 · 1944 · 1945 · 1946 · 1947 · 1948 · 1949 · 1950 · 1951 · 1952 · 1953 · 1954 · 1955 · 1956 · 1957 · 1958 · 1959 · 1960 · 1961 · 1962 · 1963 · 1964 · 1965 · 1966 · 1967 · 1968 · 1969 · 1970 · 1971 · 1972 · 1973 · 1974 · 1975 · 1976 · 1977 · 1978 · 1979 · 1980 · 1981 · 1982 · 1983 · 1984 · 1985 · 1986 · 1987 · 1988 · 1989 · 1990 · 1991 · 1992 · 1993 · 1994 · 1995 · 1996 · 1997 · 1998 · 1999 · 2000 · 2001 · 2002 · 2003 · 2004 · 2005 · 2006 · 2007 · 2008 · 2009 · 2010 · 2011 · 2012 · 2013 · 2014 · 2015 · 2016 · 2017 · 2018 · 2019 · 2020 · 2021 · 2022 · 2023 · 2024 · 2025 |
· · |