Mohammed
Mohammed [1] (Arabysk:محمد, Moehammad) wat sokssawat betsjut as "earbiedweardige" (Mekka, 570 - Medina, 8 juny 632) is dejinge dy't beskôge wurdt as de grûnlizzer fan de Islam. Yn dizze godstsjinst wurdt hy sjoen as de lêste profeet en boadskipper fan God dy't de lêste iepenbiering fan him ûntfongen hawwe soe. Troch Moslims wurdt hy dêrom oantsjutten as ít Segel fan de Profeten.
Libben
bewurkje seksjeMohammed waard berne te Mekka út in ferearme staach fan de machtige stam fan de Koeraisjiten en grut brocht troch syn pake Abd al-Moetalib. Op 25 jierrige leeftiid boaske hy de fyftjin jier âldere keapmanswiddo Sjadidja. Fan harren bern bliuw allinnich in dochter, Fatima yn libben. Nei in oantal fisjoenen dêr't him de ingel Gabriel yn ferskynde, set hy yn 610 útein mei preekjen. Hy fermoanne de ynwenners fan Mekka harren ôf te kearen fan in materialistysk libbenswize en ôfgoaderij. Letter kaam yn syn preekjen de ûnderwerping (islam) oan de iene God (Arabysk: Allah) op de foargrûn. Yn Mekka krige hy net folle stipe en moast yn 622 útwike nei Jathrib (letter Medina neamd), dêr't syn optreden in sukses wurde soe.
Nei ferskate wapene konflikten mei Mekka koe Mohammed yn 630 as oerwinner syn yntocht hâlde yn Mekka; it begjin fan de segetocht fan de Islam. Nei syn dea, waarden troch syn neiste folgelingen syn iepenbieringen optekene yn de Koran.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|