Hugo von Tschudi
Hugo von Tschudi (Lichtenegg (Eastenryk), 1851 – Stuttgart, 1911) wie in Eastenryksk-Switsersk keunsthistoarikus, museumdirekteur en konservator, dy't benammen bekend wurden is as sammeler fan ympresjonistyske keunstwurken.
Hugo von Tschudi | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hugo von Tschudi | |
nasjonaliteit | Eastenryksk-Hongaarsk Switsersk | |
berne | 1851 | |
berteplak | Lichtenegg (Eastenryk) | |
stoarn | 1911 | |
stjerplak | Stuttgart (Dútslân) | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | keunsthistoarikus | |
aktyf as | museumdirekteur, konservator | |
jierren aktyf | 1879 – 1911 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeVon Tschudi waard yn 1851 berne op it bûten Jakobshof, yn it Eastenrykske Lichtenegg, by Wiener Neustadt. Syn heit wie Johann Jakob von Tschudi, in ferneamd biolooch, ûntdekkingsreizger en diplomaat, en syn mem wie de dochter fan 'e Dútske romantyske keunstskilder Julius Schnorr von Carolsfeld. Von Tschudi wie in telch út in âld aadlik Switsersk laach, en hy groeide op yn it Switserske Sint-Gallen. Letter liet er him ta Switser naturalisearje.
Nei't er fan 1870 oant 1875 rjochten studearre hie yn Wenen, learde Von Tschudi fanôf 1879 ûnder Rudolf Eitelberger von Edelberg foar keunsthistoarikus oan it Eastenryksk Museum foar Keunst en Niverheid, ek te Wenen. Yn 1884 waard er as assistint oannommen troch Wilhelm von Bode, de direkteur fan it Kaiser Friedrich Museum yn Berlyn, en yn 1895 waard er op oanrieden fan Bode oansteld as direkteur fan 'e Nationalgalerie, ek yn Berlyn. Dêr ûntjoech er him ta in earsten kenner fan 'e moderne keunst.
As direkteur fan 'e Nationalgalerie kocht Von Tschudi benammen Frânske stikken oan, mei't Frânske keunstners, lykas Manet, Renoir, Monet en Gauguin om 'e iuwwiksel hinne de ynternasjonale keunstwrâld behearsken. Likegoed fielden Dútske keunstners har passearre. Underwilens hie Von Tschudi op eigen kosten Guiguin syn kontroversjele skilderij De Berte fan Kristus oanskaft, in wurk wêrfan't de ferminging fan it hillige mei it wrâldske yn dy tiid oer it algemien net wurdearre waard, om it mar sêft út te drukken. Doe't Von Tschudi it yn 1908 bestie om dat skilderij yn 'e Nationalgalerie tentoan te stellen, waard er troch keizer Willem II út syn funksje as museumdirekteur ûntslein.
Von Tschudi fûn lykwols daliks in nije posysje, as direkteur fan 'e Neue Pinakothek, yn München, yn it keninkryk Beieren, dêr't er oant syn dea wurksum bliuwe soe. Hy naam Gauguin syn skilderij mei dêrhinne, en De Berte fan Kristus is hjoed de dei ien fan 'e topstikken fan 'e kolleksje fan 'e Neue Pinakothek. Troch Von Tschudi syn aktiviteiten waard der yn München ek in ymposante samling oare ympresjonistyske en post-ympresjonistyske keunstwurken gearbrocht, wêrûnder 44 skilderijen, 9 byldhouwurken en 22 tekenings. Von Tschudi stoar yn 1911 yn Stuttgart, doe't er 60 jier wie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |