Fering
It Fering is it Noardfrysk fan it eilân Fear.
Der binne sa'n 3000 minsken dy't it dialekt prate. It grutste part fan de Fryskpraters wennet op it westlike diel fan it eilân Fear. Dat is ek it iennichste gebiet yn hiel Noard-Fryslân dêr't in mearderheid fan de minsken Frysktalich is. Yn it westen fan it eilân is it sprekkertal stabyl, oan de súdkant binne der yn de rin fan de 20e iuw mear Fryskpraters by kaam.
Mei it Öömrang, it dialekt fan Amrum, is it Fering ien fan de Noardfryske dialekten. Fan de beide dialekten is der bygelyks ien wurdboek, it Fering-Öömrang wurdenbuk.
De âldste tekst dy't yn it Fering oerlevere is, is in oersetting fan Martin Luther syn Lytse Kategisme fan om it jier 1600. De âldste tekst yn it Noardfrysk komt ek fan it eilân Fear. Dy tekst waard skreaun yn de 19e iuw, mar de ballade A bai a reder stamt neffens alle wierskyn út de 15e of 16e iuw.
Organisaasjes dy't har ynsette foar it Frysk fan Fear binne de Fering Ferian en de Ferring Stiftung. Ien fan de produkten fan de Ferring Stiftung is Friisk Funk, in radioprogram dat by de lokale stjoerder Offener Kanal Westküste útstjoerd wurdt. Dêrneist hat de stifting syn eigen bibleteek mei in samling fan sa likernôch 10.000 boeken út alle Fryslannen.
Yn de santiger jierren fan de 20e iuw ferskynde it tydskrift Fering-öömrang Breipot mei stikken yn it Fering en Öömrang. Ut en troch ferskine der stikken yn it Fering yn Der Insel-Bote, in krantsje dat yn it haadplak fan Fear, Wyk auf Föhr, ferskynt.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Ferring-Stiftung
- Universiteit Århus Phonetic Documentation of Fering