De blauwe finfisk (Balaenoptera musculus) is in yn de see libjend sûchdier dat heart ta de ynfraoarder fan de bleinwalfisken (Mysticeti).

Blauwe Finfisk

De blauwe finfisk is - foar safier no bekend - it grutste bist dat ea op ierde libbe. Folwoeksen eksimplaren kinne in lingte fan ± 33 meter en in maksimaal gewicht fan 170 ton berikke. Om in idee fan de grutte te hawwen: de tonge fan de blauwe finfisk is like grut as in oaljefant en waacht ûngefear 2 ton.

In blauwe finfisk hat in longkapasiteit fan 5000 liter en in hert fan 500 kilo. It bist hat mar in lytse rêchfin dy't koart sichtber is by it dûken. By it útazemjen ûntstiet in spektakulêre wetternevel fan ± 9 meter hichte.

Nettsjinsteande de mânske ôfmjittings hat de blauwe finfisk in slank foarkommen en kin it by it swimmen in snelheid berikke fan 40 - 50 kilometer yn it oere.

It gewicht fan in blauwe finfisk kin wol sterk wikselje mei it seizoen. Yn de waarme tiid frette se har hielendal fol yn de kâlde wetters by de poalen. Fjouwer moannen slokke se in ferskuorrende protte kreeftkes op: soms wol 4000 kilogram op in dei. Sa bouwe se in flinke speklaach op, dêr't se de rest fan it jier op tarre kinne. Oan de ein fan de simmer lûke se nei waarmere wetters, dêr't de wyfkes eventueel in jong krije. Se frette dan hielendal neat mear, mar fiede wol harren jong. Yn de sân moannen fan de sûchperioade kin in wyfke leafst in kwart fan har lichemsgewicht (± 25 ton) ferlieze. Har jong waacht by de berte sa'n 2 ton.

In bist fan dizze grutte kin allinnich yn wetter libje. Op it lân soe it bist smoare mei't it troch syn eigen boarstkas sakket en dus net sykhelje kin.

Yn de earste helte fan de tweintichste iuw wie de blauwe finfisk hast útstoarn troch de yntinsive walfiskjacht. Beskermjende maatregels yn de twadde helte fan de iuw lykje it fuortbestean fan it soarte rêden te hawwen. Oantallen wurde rûsd op 5000 - 12000, wrâldwiid.

Wûnderlik genôch fret dit reuseftige bist him mei minuskule bistkes dy't as sammelnamme plankton hawwe en in maksimale grutte hawwe fan 1 à 2 sintimeter. Op in dei fret in folwoeksen bist sa'n 3500 kg krill.

Gedrach en leefwize

bewurkje seksje

In blauwe finfisk kin 80 - 100 jier âld wurde. Se libje allinnich of yn groepkes fan twa of trije bisten. De blauwe finfisk stiet, lykas de bultrêch, bekend om syn gesang. By de blauwe finfisk kin syn gesang wol 180 desibel wêze.

Fuortplanting

bewurkje seksje

De fuortplanting bart by't winter. As meardere mantsjes mei ien wyfke pearje wolle, swimme se der earst allegear omhinne en besykje mei har te pearjen. Singelier is hjirby dat net it earste mantsje mar it lêste mantsje neisieten ferwekt. It sperma fan it lêste mantsje spielt it sperma fan it foargeande mantsje fuort.

Fersprieding

bewurkje seksje

Dizze grutte bisten libje op folle see mar bliuwe oan de oerflakte omdat harren fiedsel dêr te finen is. Simmerdeis binne se oan de rânen fan it pakiis te finen, winterdeis mear yn subtropyske wetters. De gebieten dêr't se foarkomme binne ûnderoare de Yndyske Oseaan en de iepen wetters fan de Grutte Oseaan.

 

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: