Breda
Breda is in âlde garnizoens- en festingstêd en gemeente yn de provinsje Noard-Brabân. It is ek in Oranjestêd troch de histoaryske bân mei it hûs Nassau. Oant 1795 wienen de boargers fan Breda ûnderdienen fan de Hear fan Breda (letter Baron neamd), dy't sûnt 1403 teffens Greve fan Nassau (ek wol oantsjutten as Nassau-Breda) en sûnt 1538 de Prins fan Oranje-Nassau wie. It gebiet om en benammen besuden Breda wurdt noch as de Barony fan Breda oantsjutten.
De gemeente Breda telde ein 2008 171.946 ynwenners en makket diel út fan it steedlik netwurk BrabantStad, en is nei ynwennertal ien fan de 10 grutste gemeenten fan Nederlân. De hiele agglomeraasje Breda telt ± 314.000 minsken. Fan de Brabânske stêden komt Breda fuort nei Eindhoven en Tilburch, dy't al oer de grins fan 200.000 sitte.
Namme
De rivieren Mark en Aa of Weerijs komme gear yn Breda. Foardat de Aa yn de Mark floeide, fertûke dy noch earst yn twa aparte streamkes; de Donk en de Gampel. Dit barde ter hichte fan in s-foarmige donk, wat letter de Haagdyk wurde soe. Dochs spruts men oer de Aa. Aa is in ôflieding fan it Aldgermaanske wurd ahwô, besibbe mei it Latynske aqua. It betsjutte oarspronklik wetter. Yn Nederlân binne mear wetters mei de namme Aa of in ôflate foarm. De namme Breda is ôflaat fan 'Brede Aa'. It leit yn de reden dat dêrmei ferwiisd wurdt nei de ferbreding fan de Aa op it punt dêr't dy yn de Mark útrûn. It is wol opmerklik dat de rivier de namme fan de stêd bepaald hat, ynstee fan de Mark. Yn 1125 wurdt der foar it earste melding makke fan in delsetting Breda.
Fanâlds hat Breda de bynamme: it Haachje fan it Suden. Yn dizze namme wurdt it steatlike karakter fan Breda fergelike mei dan fan Den Haach, fergelykber mei It Hearrenfean as It Fryske Haachje. Hy soe ek ferbân hâlde kinne mei de namme Princenhage, dat earder in selstannich doarp by Breda wie. Sûnt 1942 foarme it al foar in grut diel in stedsdiel fan Breda, en sûnt 1997 is it dat folslein.
Skiednis
Delsetting en boarch
Neidat der yn 1125 melding makke is fan in delsetting wurdt der yn de 12e ieu oan de rjochterouwer fan de Mark by dizze delsetting in boarch, it Kastiel fan Breda, boud. De lokaasje wie sawat healwei Brabân en Hollân. De delsetting lei op in útrinner fan grutte sângrûnen. Op dizze sângrûnen leinen al oare stêden, lykas Bergen op Zoom. Ek leinen by dizze delsettings al ferskate krúspunten fan wegen dy't fan it noarden nei it suden gienen en fan east nei west. Lunet B is it ienige oerbleaune stik fan it ferdigeningswurk. Breda wie in militêre stêd. Der wienen seis kazernes yn Breda. De Keninklike Militêre Akademy sit noch yn Breda.
Bân mei de Nassaus
Fanâlds is der in bân tusken Breda en it Hûs Nassau troch de Hearen fan Breda wenjende op it Kastiel fan Breda. Engelbrecht I fan Nassau-Dillenburg leit begroeven yn it Prealgrêf fan Engelbrecht I fan Nassau yn de Grutte- of Us Leaffroutsjerke oan de Grutte Merk yn Breda.
Mark en Aa
De boarch dy't by de delsetting boud is, moast de skipfeart op de Mark kontrolearje en waard al gau bewenne troch de Hearen fan Breda. Yn 1198 wurdt foar it earst melding makke fan it Castellum fan Breda. De natuerlike ferbreding op it plak dêr't de Mark en de Aa gearfloeiden, wie ideaal foar in oanlishaven. De rivier de Mark begjint as in neatich streamke by Merksplas yn Belgje. Pas nei Breda, dêr't se gearrint mei de Aa wurdt se in ûngefear tweintich meter brede, djippe stream. It rivierdal is lykwols inkele hûnderten meters breed. It dal koe, seker by floed, maklik ûnderstrûpe. De Mark stie ommers yn iepen ferbining mei de see. Ieuwenlang bestie der in sterke tijwurking dy't sels oan Hoogstraten ta te fernimmen wie. Yn de Bredaaske haven wie it ferskil sa'n sechtich sintimeter.
De Mark wie yn it nijs, omdat de rin fan de âlde rivier troch de binnenstêd fan Breda foar in diel wersteld wurdt. Krektas yn guon oare plakken (ûnder mear yn Utert en Drachten) wurdt ek yn Breda it wetter yn it sintrum werombrocht, neidat it yn in foargeande perioade foar it ferkear wike moatten hie. Op 30 juny 2007 is de fraai renovearre âlde haven, dy't oanslút op it Spanjertsgat, feestlik opnij iepene.
Bouwurken
Inkele wichtige of bekende bouwurken yn Breda binne:
- de Grutte- of Us-Leaffroutsjerke mei û.o. it prealgrêf Greve Engelbrecht II fan Nassau en oare grêfmonuminten fan de Hearen fan Breda op de Grutte Merk.
- it Kastiel fan Breda mei de Keninklike Militêre Akademy (KMA) (Oprjochte 1828) by Park Valkenberg
- it Spanjertsgat
- it begynhof Breda
- it stêdhûs fan Breda
- it kastiel Bouvigne
- de St. Joast-Kapel
- de Sint-Antoniuskatedraal
- Chassé teater
- Waalse tsjerke (Breda)
- de Koepelfinzenis
- âlde Haven
Monuminten
Yn Breda binne ferskate monumintale bouwurken dy't yn it ferline in oare bestimming hienen mar dy't bewarre bleaun binne, lykas:
Eveneminten
It Karnaval wurdt yn de hiele gemeente Breda fierd. Elke eardere gemeente hat syn eigen karnaval. Sa hjit Breda sels Kielegat, Bavel hjit Bavianelân, Prinsenbeek hjit Boemeldonck en Teteringen hjit dan Totdenringen.
Eveneminten
- Breda Jazz Festival
- Breda Barst
- Valkenbergkonserten
- Dancetour Breda
- POBparade
- Brûsend Ginneken
- Breda Ballon Fiësta
- Breda Hippique
- Brabânske Kastieledei
- Brakkenfestival
- Kultuernacht
- Dei fan de Beafeart
- Filmfestival Breda
- Harley-dei Breda
- Kermis Breda
- Roodharigendag
- Smaakvol Breda
- Stripbeurs
- Frijmerk Princenhage
Natoer
De gemeente leit mids de lânskiplike gebieten De Rith, it Liesbosk, de Mastbosk, de Teteringske Bosk, Vrachelske heide en de Lege Vuchtpolder. Breda is bekend om syn boskrike omjouwing, benammen ten suden fan de stêd. In oar natoergebiet is it Markdal.
De Mastbosk is it âldste kultuerbosk fan Nederlân. De Liesbosk by Princenhage en de Ulvenhoutske bosk dogge dêr net foar ûnder Nei it súdeasten ta rint it boskgebiet oer yn de Chaamske bosken en it bosk- en fennegebiet fan Strijbeek. Mei elkoar foarmet dit grutt gehiel fan kultuerbosken in gruyte toeristyske trekpleister.
Fertier
Breda is in bekende útgeansstêd benammen om de Havermerk en de Grutte Merk Breda. Breda hat gjin grutte diskoteken oan de râne fan de stêd, mar wol in pear lytse en middelgrutte nachtkafees (ofwol diskoteken). Lizzend tusken oare kroegen yn, binne dizzen oerdei dan wol ticht, mar bliuwe nachts inkele oeren letter iepen. Ek oan de Ginnekenmerk yn it Ginneken binne trouwens horekagelegenheden.
Yn it sintrum de eardere Kleasterkazerne oan de Klaudius Prinsenleane sit tsjintwurdich it Holland Casino Breda. Dit kasino is dêrhinne ferhuze en siet earst oan de Bijster. Neist it kasino sit hjir ek it troch Herman Hertzberger ûntwurpen Chassé Teater. Bioskoop MustSee Breda sit yn it Turfskip op it Chasséfjild.
Ekonomy
Om 1850 binne der ferskate yndustryen yn Breda lykas bierbrouwerijen, lusifersfabriken en izerjitterijen. Sa sieten hjir ûnder mear Etna, Bredasche Beetwortel Sûkerfabryk (CSM), de De Faam, Kwatta in sûkelarjefabryk, Hero en Van Melle. Tsjintwurdich is Breda benammen in tsjinstferliende stêd. Nije inisjativen binne ûndr oare de Triple O Campus.
Fan 2012 ôf as de Hegesnelheidsline Schiphol - Antwerpen (HSL) riden giet, wurdt Breda noch mear in ynternasjonaal knooppunt en leit dan sintraal tusken Amsterdam en Parys, realisearre middels it plan Fia Breda.
Kultureel
Musea
Yn Breda binne ferskate musea:
Underwiis
Yn Breda binne in soad skoallesoarten, foar Basisûnderwiis, fuortset ûnderwiis, spesjaal ûnderwiis, Middelber beropsûnderwiis en Heger beropsûnderwiis. Te neamen binne ûndr oare:
- Prinsentuin College
- Us Leaffroulyceum
- Steedlik Gymnasium Breda
- Mencia de Mendozalyceum
- Markenhage College
- Tessenderlandt
- Newmancollege
- De Nassau
- Prisma College
- Radius College
- Cingel College
- Florijn College
- NHTV ynternasjonaal heger ûnderwiis Breda
- Academie voor ICT en Media (ûnderdiel fan Avans Hegeskoalle)
- Avans Hegeskoalle
- Akademy foar Keunst en Foarmjouwing St. Joost (ûnderdiel fan Avans Hegeskoalle)
- Regionaal opliedingssintrum - ferskate skoallen en opliedingen (ûnderdiel fan ROC West Brabân)
- Keninklike Militêre Akademy (KMA)
- Praktyskskoalle Breda
Ferkear en Ferfier
Yn 2009 wurdt hurd wurke oan de HSL-Súd en de ferbreding fan de A16 om Breda. De berikberheid fan Breda sil hjirtroch sterk ferbetterje. Troch de snelle shuttleferbining dy't yn 2008 realisearre waard, is Breda ferbûn mei de Noard-Súd-line fan de HSL-Súd nei Rotterdam, Schiphol en Amsterdam en rjochting it suden nei Antwerpen en Brussel.
Weiferkear
Breda is maklik berikber oer de snelwei A16 fanút Rotterdam en leit net fier fan Belgje dat oer de grinsoergong Hazeldonk snel berikber is. Breda is ek goed te berikken fanút Utert oer de snelwei A27 en fanút Tilburch oer de snelwei A58 rjochting Etten-Leur, Roosendaal en fierder nei Seelân. De A59 (Zierikzee-Oss) makket it fjouwerkant fan snelwegen om de stêd kompleet.
Bekende ynwenners Breda
- Tiësto,
- Corry Brokken
- Pierre Kartner
- Corry Konings
- Dries van Kuijk, de manager fan Elvis.
- Hans van Mierlo
- Onno Ruding
- Ton Lokhoff fuotballer
- Pierre van Hooijdonk
- Jurgen van den Goorbergh motoracer
- Sylvie Meis frou fan fuotballer Rafael van der Vaart
- Guido Weijers, kabaretier
- Abel muzykband fan û.o. it nûmer Onderweg.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|