Nij-Jersey

De ferzje fan 5 jan 2011 om 07.59 troch Loveless (oerlis | bydragen) (Bot - oars: ro:New Jersey)
State of New Jersey
Vlag van New Jersey Zegel van New Jersey
Ofkoarting NS
Haadstêd Trenton
Tiidsône -5
Algemien
Oerflakte 22.608
Befolking 8.698.879
Oare ynformaasje
Tatreden 18 desimber 1787
Oantal countys 21


Nij Jersey is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Trenton. It is ien fan de meast yndustrialisearre steaten en it tichtst befolke mei 372 ynwenners de km².

Skiednis

Eartiids waard it gebiet befolke troch Yndianestammen. De earste blanken dy't harren dêr festigen wienen Finske kolonisten út Sweden. Sy neamden de koloanje Nij-Sweden. Santjin jier letter waard it gebiet troch de Nederlanners oarmastere dy't sels in koloanje Nij-Nederlân stifte hienen benoarden it gebiet. Yn 1643 fûn yn Pavonia (no Jersey City) in moarderij plak fan de Nederlanners tsjin Yndianen op inisjatyf fan de gûverneur Willem Kieft, wêr't 120 Indianen deade waarden, wêrûnder froulju en bern. Dizze oanfal makke ûnderdiel út fan de Oarloch fan Kieft (1643-1645).

De Britske float ûnder befel fan Richard Nicolls oermastere de Nederlânske koloanje yn september 1664. Sy moete dêrby net folle wjerstân fan de Nederlanners. De Ingelske kening joech it besit wei oan de hartoch fan York, dy't sels it in part dêrfan wer trochferkocht oan de Britten Sir George Carteret en Lord Berkeley. Sy neamden it gebiet Nij Jersey (nei it Ingelske Kanaaleilân Jersey.

Yn de earste jierren kamen benammen kolonisten út de Ingelske koloanje Nij Ingelân. Op 18 maart 1673 ferkocht Berkeley syn diel fan it gebiet oan in groep Ingelske Kwakers, dy't harren by de rivier de Delawar festigen.

Nij Jersey wie ien fan de trettjin koloanjes dy't yn opstân kamen tsjin it Britsk bewâld. By Trenton en Prinseton fûnen wichtige fjildslaggen plak. Op 18 desimber 1787 waard Nij Jersey de 3e steat fan de Feriene Steaten.

Geografy

Nij Jersey is 22.608 km² grut en it heechste punt (550 meter) leit yn it uterste noarden. De steat leit yn it easten oan de Atlantyske Oseaan. Yn it noarden grinzet it oan de steat New York en yn it westen oan Pennsylvania en Delaware. De westgrins wurdt alhiel foarme troch de rivier de Delaware.

Nij Jersey heart ta de Eastern tiidsône.

Nijsgjirrichheden

Flakby Trenton stiet de ferneamde Universiteit fan Princeton.

Keppeling om utens