Boer (plak)

De ferzje fan 11 mrt 2009 om 12.02 troch Spacebirdy (oerlis | bydragen) (Bewurkings fan "77.61.196.10" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Luckas Blade".)

Boer is in buorskip ûnder Rie, yn de gemeente Frjentsjerteradiel benoarden Frjentsjer. It buorskip hat 55 ynwenners (31 desimber 2003).

De himrik fan Boer.

Yn it doarp stiet it âldste stiennen wenhûs fan Fryslân. It Romaanske tsjerkje datearret út de 12e ieu en is eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. It is tsjintwurdich in keunstnersatelier. De tagongsdoar wurdt omliste troch de yngongspartij fan de sa'n hûndert jier lyn ôfbrutsen Elgersmastate, in stins út 1664.

Boer hat mei it tichtby lizzende Doanjum sûnt april 1969 de feriening Doarpsbelang Doanjum/Boer.

Sjoch ek

Keppeling om utens