Feriene Steaten

lân yn Noard-Amearika
United States of America
Flagge fan Feriene Steaten Wapen fan Feriene Steaten
Flagge Wapen
Lokaasje fan Feriene Steaten
Offisjele taal Gjin
Haadstêd Washington, D.C.
Steatsfoarm Federale republyk
Gebiet
% wetter
9.372.610 km²
2,2%
Ynwenners (2000) 281.421.906
Munt Amerikaanske dollar (USD)
Tiidsône UTC -5 oant -10
Nasjonale feestdei 4 july
Lânkoade USA
Ynternet .us
Tillefoan 1

De Feriene Steaten fan Amearika (FS, USA) is in Noardamerikaansk lân, in federaasje fan 50 steaten. Dêrfan lizze 48 tegearre, en dy groep grinzet yn it noarden oan Kanada, yn it easten oan de Atlantyske Oseaan, yn it suden oan Meksiko en oan de See fan Meksiko, en yn it westen oan de Stille Oseaan. Alaska grinzet oan de Noardpoalsee yn it Noarden, oan Kanada yn it easten, oan de Stille Oseaan yn it suden en oan Ruslân yn it westen. Hawaï leit yn de Stille Oseaan. Fierder hat it lân nog wat oare gebieten dy't der fia in ferskaat oan regels oan keppele binne.

Skiednis

It gebiet, dat no beslein wurdt troch it kontinintale part fan de Feriene Steaten, wienen yn it ferline de wenomkriten fan in grut tal ynheimske Amerikaanske folken en waard fan de 16e ieu ôf kolonisearre troch Spanje, Frankryk, Nederlân en Ingelân. As resultaat fan de Frânske en Yndiaanske kriich fan 1754 oant 1763, naam Grut-Brittanje de Frânske koloanjes yn Noard-Amearika oer: it eastlik part fan Kanada en parten fan it hjoeddeistige Illinois en Ohio. Dêrmei kaam it grutste part fan de eastkust ûnder Britsk bewâld. De kolonisten wienen net mear ôfhinklik fan de beskerming tsjin de Frânsen troch it heitelân, en hja begûnen harren te fersette tsjin it beteljen fan Britske belêstings. Trettjin koloanjes ferklearren yn 1776 harren ûnôfhinklikens fan Grut-Brittanje, wat it begjin wie fan de Amerikaanske ûnôfhinklikenskriich. Yn 1783 erkende it Keninkryk fan Grut Brittanje de ûnôfhinklikens. Yn de nije steat waard in grûnwet oannaam en en waard in regear foarme dat yn 1789 dat aktyf waard.

Yn de rin fan de folgjende ieu ûntstienen hieltyd gruttere ferskillen troch de noardlike steaten en de súdlike steaten. Dizze ferskillen laten fan 1861 oant 1865 ta in boargerkriich. De ein fan de 19e ieu koe skaaimurken wurde as in rite fan westlike útwreiding, yndustrialisaasje en tafloed fan miljoenen ymmigranten. Yn de 20e ieu hawwe de Feriene Steaten aktyf meidien oan de Earste en Twadde Wrâldkriich.

Geografy

Fan east nei west sjoen begjinne de 48 steaten mei de Atlantyske kust. Dan komme de Appalachen. West dêrfan leit it bekken fan de grutte rivieren en de grutte marren. Fierder nei it westen wurdt it lân hieltyd heger en minder, oan't yn Wyoming en Kolorado, dêr't in pear fan de heechste toppen fan it Rotsberchte lizze. Fan dêr ôf bliuwt it lân, it Grutte Bekken, meast 1.500 meter en heger, oant de Sierra Nevada mei Mount Whitney (4.418 m.). Dêr foarby leit it lân wer ticht by seenivo, mar by de kust fan de Stille Oseean komt dan noch it Kustberchte.

Alaska wurdt foaral foarme troch de noardwestlike einen fan it Rotsberchte en it Kustberchte. It westlikste útrinsel fan it Rotsberchte eindiget as Cape Prince of Wales dy't tegearre mei de Eastkaap yn Ruslân de Bering Strjitte foarmet. It útein fan it Kustberchte draait as it Alaska Berchte nei it súdwesten, en foarmet sa it Alaska Skiereilân en úteinlik de Aleûten dy't yn in bôge de Bering See beheine.

Hawaiï is in rige fan eilânen yn de Stille Oseaan, súd fan Alaska en west fan Meksiko. Fierder hearre ek oare eilannen ta de FS, lykas Porto Riko, Gûam en Amerikaansk-Samoa.

Polityk

De Feriene Steaten fan Amearika hat trije machten. Leden fan it Electoral College kieze alle fjouwer jierren de lieder fan de útfierende macht, de Presidint fan de Feriene Steaten. In presidint wurdt foar fjouwer jier keazen en kin ien kear op 'e nij keazen wurde.

De wetjouwende macht is it Kongres. It Kongres bestiet út twa tûken, it Hûs fan Offurdigen en de Senaat

Mei goedkar fan de Senaat hat de presidint it foech en kies ien fan de 9 rjochters fan it Heechgerjochtshof, de rjochterlike macht. De rjochters fan it Heechgerjochthof wurde beneamd foar it libben. It Heechgerjochtshof hat it foech om te sizzen dat in wet net neffens de grûnwet is wêrtroch de wet ûnjildich ferklearre wurde kin.

Militêr

De organisaasje fan de Amerikaanske definsje hat fiif haadûnderdielen:

Yn 2008 hat de Amerikaanske definsje 1,4 miljoen minsken yn tsjinst (útsein Coast Guard en National Guard). Yn 2003 wie it budzjet fan de Amerikaanske definsje 370,7 miljard dollar.

Steaten

 
Kaart: CIA World Factbook.

De neikommende steaten binne meiïnoar de Feriene Steaten.

Alabama - Alaska - Arizona - Arkansas - Delaware - Fermont - Firginia - Florida - Georgia - Hawaï - Idaho - Illinois - Indiana - Iowa - Kalifornje - Kansas - Kentucky - Kolorado - Konnetikut - Louisiana - Maine - Marylân - Massachusetts - Michigan - Minnesota - Mississippy - Missoury - Montana - Nebraska - Nevada - Nij Hampshire - New York - Nij Jersey - Nij Meksiko - Noard Dakota - Noard Karolina - Ohio - Oklahoma - Oregon - Pennsylvania - Rhode Island - Súd Dakota - Súd Karolina - Teksas - Tennessee - Utah - Washington - West Firginia - Wyoming - Wiskonsin

By de ûnôfhiklikensferklearring yn 1776 wienen der mar 13 steaten.

Alaska is de grutste steat (1.700.578 km²), en Rhode Island de lytste (4.003 km²). Kalifornje hat it grutste tal ynwenners (33.871.648 in 2000), wylst Wyoming it lytste tal ynwenners hat (493.782 yn 2000). Yn de lette 20e ieu ûnderfûnen Nevada, Arizona, Kolorado, Uta, Georgia en Teksas in rap woeksen fan it tal ynwenners, West Firginia, Noard Dakota en it Distrikt fan Kolumbia hienen te krijen mei in delgong fan it tal ynwenners yn dyselde rite.

Stêden

De seis grutste stêden fan de Feriene Steaten binne:

  1. New York
  2. Los Angeles
  3. Chicago
  4. Houston
  5. Philadelphia
  6. Phoeniks

In seleksje fan oare grutte stêden: Boston, Pittsburgh, Baltimore, Richmond, Firginia Beach, Charlotte, Atlanta, Jacksonville, Tampa, Miami, Cleveland, Kolumbus, Cincinnati, Detroit, Indianapolis, Milwaukee, Minneapolis, Saint Louis, Nashville, Memphis, New Orleans, Oklahoma Stêd, Dallas, Austin, San Antonio, El Paso, Albuquerque, Denver, Salt Lake City, Washington, Tucson, San Diego, Long Beach, Las Vegas, Seattle, Portland, Sacramento, San Francisco, San Jose, Fresno en Honolulu.

Demografy

 
New York is de grutste stêd fan de Feriene Steaten.

Yn 1776 hie it lân mar 3 miljoen ynwenners, yn 1915 wienen dat 100 miljoen en yn 1968 200 miljoen ynwenners. Sûnt 2006 hat it lân mear as 300 miljoen ynwenners. [1].

Mear as 79% fan de befolking wennet yn 'e stêden (dêr't mear as de helte fan yn 'e plakken om de grutte stêden hinne wennet). Likernôch 70% fan de ynwenners is fan Jeropeeske komôf, mar dat persintaazje wurdt minder omdat oare groepen har yn it lân ta wenjen sette, en de ynwenners fan Jeropeeske komôf net safolle bern krije as de oare groepen. Neffens de folkstelling fan 2000 wie de grutste minderheid Latino, dy't mei 35.305.818 minsken binne, dat is 12,5% fan de befolking. Dat sifer omfiemet minsken fan Meksikaanske, Puerto-Rikaanske en Kubaanske oarsprong. De Afrikaansk-Amerikaanske befolking wie 34.658.190, dat is 12,3% fan de befolking, hoewol't in oare 0,6% mar foar in part Afrikaansk-Amerikaansk is. De Aziatyske befolking hie 10.242.998 minsken yn 2000, dat is 3,6%, en foar it meastepart binne dy fan Sineeske, Filipynske, Indiase, Fiëtnamesen, Koreaanske of Japânske oarsprong. De ynlânske Amerikaanske befolking fan de Feriene Steaten, lykas Eskimo's yn Alaska en op de Aleoeten, hawwe 2.475.956, dat is 0,9%. Rûchwei in tredde fan ynlânske Amerikaanske befolking libbet yn reservaten, tasein lân, of oar lân mei ynlânsk Amearikaansk tafersjoch. Der wienen 398.835 Hawajanen en oare Pasifyske eilânbewenners yn 2000. Dat is 0,1% fan de befolking.

Nasjonale Feestdagen

Der binne tsien merkeldagen dy't troch it bûnsregear oanwiisd binne. Hoewol dy strikt sjoen allinnich jilde foar minsken dy't foar it bûnsregear wurkje, wurde dizze dagen ornaris ek oernaam troch it regear fan de steaten apart, en is ek fierder hast eltsenien frij.

De yndividuele steaten ornearre sels de offisjele feestdagen foar harren steat. Iepenbiere ynstellings binne mei dy dagen al sletten, mar fral foar dagen dy't net bûnswiid jilde folgje bedriuwen net altyd de oanrekkommendaasje fan de steat, en wurkje dan gewoan troch.

Sjoch ek

Keppeling om utens

 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

United States of America

  1. WESP: historical demographical data