Sagrada Família
De Sagrada Familia (Hillige Famylje) is in tsjerke yn de Katalaanske haadstêd Barselona (Noard-East Spanje). It is in wûnderlik bouwurk yn de saneamde Neo-Katalaanske styl, fol grillich foarme tuorkes en ornamintjes, dêr't al tsientallen jierren oan wurke wurdt, salang sels dat guon fan de foltôge parten al oantaasten binne en renovearre wurde moatte. Der wurdt wol fan útgean dat it bouwurk nea klear komme sil.
De ûntwerper fan de Sagrada Familia wie de Spaanske arsjitekt Antonio Gaudi.