Flagge fan Baard
De flagge fan Baard is de flagge fan it doarp Baard, yn de Fryske gemeente Ljouwert. De flagge is yn 2001 registrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.
Beskriuwing
De beskriuwing fan de flagge is:
Fiif banen folgens de broekdiagonaal blau en read; de de tredde twa seispuntige giele stjerren, gelyk ferdield oer de baan en pleatse yn de rjochting.
De kleuren komme út it wapen fan Baard.
Symbolyk
- Blau fjild: oernommen út it wapen fan Baarderadiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
- Read fjild: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Dekema. Dizze famylje bewenne de Dekemastate by it doarp.
- Seispuntige stjerren: oernommen út it wapen fan Baarderadiel.
-
It wapen fan de famylje Fan Dekema.