Afro-Amerikanen: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
→Demografy: bs |
No edit summary |
||
Rigel 18:
Opmerking= |
}}
De '''Afro-Amerikanen''' as '''Afrikaansk-Amerikanen''' binne ynwenners fan 'e [[Feriene Steaten fan Amearika]],
De measten fan harren stamje streekrjocht ôf fan Afrikaanske slaven út [[West-Afrika|West]]- of [[Sintraal-Afrika]], mar de foarâlden fan guon fan harren hawwe in "tuskenstop" makke as slaven yn it [[Karibysk Gebiet]], of, folle minder faak, yn [[Sintraal-Amearika|Sintraal]]- of [[Súd-Amearika]]. In soad resintere ymmigranten út Afrika en harren ôfstammelingen identifisearje har as Afro-Amerikanen, hoewol't se strikt nommen net ta dy groep hearre. De Afro-Amerikanen wurde feriene troch in mienskiplike [[skiednis]] fan [[slavernij]], [[rasisme|diskriminaasje]], [[rasseskieding]] en de [[Amerikaanske Boargerrjochtebeweging]]. Hoewol't de trochsneed Afro-Amerikaan noch altyd minder [[ûnderwiis]] genoaten hat as de trochsneed Amerikaan, minder sûn is, in koartere libbensferwachting hat en op [[ekonomy]]sk mêd in swakkere posysje ynnimt, hat de ynfloed fan 'e Afro-Amerikanen op 'e Amerikaanske [[kultuer]] sûnt de sechtiger jierren ûnbidige grut west, fral as it om [[muzyk]], [[tillefyzje]] en [[film]] giet. Der binne hjoed de dei mear as 42 miljoen Afro-Amerikanen.
|