Noardwestlike Territoaria: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - oars: ur:شمال مغربی علاقہ جات، کینیڈا |
→Klimaat: kt |
||
(23 tuskenferzjes fan 10 meidoggers net werjûn) | |||
Rigel 1:
{{Kanadeeske provinsje
|namme = Noardwestlike Territoaria <br><small>''Northwest Territories'' <small>(Ingelsk)</small><br> ''Territoires du Nord-Ouest'' <small>(Frânsk)</small><br> ''Nunatsiaq'' <small>(Inûynnaktûn)</small><br> ᓄᓇᑦᓯᐊᖅ <small>(Inûktitût)</small></small>
|flagge = [[Ofbyld:Flag of the Northwest Territories.svg|
|wapen = [[Ofbyld:Coat of arms of Northwest Territories.svg|40px]]
|biedwurd = <small>''gjin offisjeel biedwurd''</small>
|lânkaart = [[Ofbyld:Northwest Territories in Canada.svg|300px]]
|ôfkoarting = NT
|status (jier) = territoarium ([[1870]])
|haadstêd = [[Yellowknife]]
|grutste stêd = [[Yellowknife]]
|offisjele taal = [[Ingelsk]], [[Frânsk]], [[Hûnsribsk]], <br>[[Inûynnaktûn]], [[Inûktitût]], <br>[[Inûvialûktûn]], [[Kry (taal)|Kry]], [[Kûtsjin (taal)|Kûtsjin]],<br>[[Noardlik Slavy (taal)|Noardlik Slavy]], [[Súdlik Slavy (taal)|Súdlik Slavy]], <br>[[Tsjippewaien (taal)|Tsjippewaien]]
|ynwennertal = 41.462 <small>(2011)</small>
|befolkingstichtens = 0,04 / km²
|oerflak = 1.346.106 km² <small>(ynkl. wetter)</small><br> 1.183.085 km² <small>(allinnich lân)</small>
|tiidsône = [[UTC]] -7
|webside = [http://www.gov.nt.ca/ www.gov.nt.ca]
}}
De '''Noardwestlike Territoaria''' ([[Ingelsk]]: ''Northwest Territories''; [[Frânsk]]: ''Territoires du Nord-Ouest''), ek wol ôfkoarte ta '''NWT''' (of yn it Frânsk ta '''TNO'''), foarmje ien fan 'e trije [[Kanadeeske provinsjes en territoaria|territoaria]] fan [[Kanada]]. It gebiet leit yn it [[noardwesten]] fan it lân, en heart ta de regio fan [[Noardlik Kanada]]. Foarhinne wie it folle grutter, mar tsjintwurdich is it mei 13,5% fan it nasjonaal grûngebiet wat [[oerflak]] oanbelanget it trêde [[Kanadeeske provinsjes en territoaria|gewest fan Kanada]], nei it territoarium [[Nûnavût]] en de [[provinsje]] [[Kebek (provinsje)|Kebek]]. De [[haadstêd]] fan 'e Noardwestlike Territoaria is [[Yellowknife]], dat oan 'e [[Grutte Slavemar]] leit. Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske [[folkstelling]] fan [[2011]] hie it territoarium doe krapoan 42.000 ynwenners, wat delkomt op 0,1% fan 'e totale [[befolking]] fan Kanada.
==Etymology==
De namme fan 'e Noardwestlike Territoaria is beskriuwend, en waard troch it [[Grut-Brittanje|Britske]] regear oannommen yn it koloniale tiidrek om 'e [[geografy]]ske posysje fan it gebiet oan te jaan foar it súdeastliker leine territoarium [[Rupertslân]] oer. De [[Inûyt]] neame de Noardwestlike Territoaria fan ᓄᓇᑦᓯᐊᖅ (''Nunatsiaq''), dat "moai lân" betsjut. Nei't yn [[1999]] it nije territoarium [[Nûnavût]] fan 'e Noardwestlike Territoaria losmakke waard, giene der in hoart lang stimmen op om 'e namme fan it restgebiet te feroarjen. De doetiidske minister-presidint fan it territoarium, [[Stephen Kakfwi]], propagearre de namme "Denendeh", dat "ús lân" betsjut yn ferskate [[Atapaskyske talen]] fan 'e lânseigen [[Yndianen|Yndiaanske]] befolkinsgroepen. Ien fan 'e populêrste útstellen foar in nije namme wie om it territoarium "Bob" te neamen, in út 'e hân rûne grap dy't in skoft lang yn 'e opinypeilings boppe-oan stie. Uteinlik hat men lykwols besletten om 'e namme fan Noardwestlike Territoaria mar oan te hâlden, en men soe sizze kinne dat dy no eins tapasliker is as doe't Nûnavût, dat noardeastlik Kanada omfiemet, der noch diel fan útmakke.
[[File:Ice Road on Great Slave Lake 2.jpg|left|thumb|250px|In [[iiswei]] oer de [[Grutte Slavemar]], yn [[2009]].]]
==Geografy==
De Noardwestlike Territoaria hawwe in oerflak fan 1.346.106 km², wêrfan't 1.183.085 km² út lân bestiet en 163.021 km² út wetter. It territoarium grinzget yn it easten oan it territoarium [[Nûnavût]] en yn it westen oan it territoarium [[Yukon]], wylst it yn it suden swettet oan 'e [[Kanadeeske provinsjes en territoaria|provinsjes]] [[Britsk-Kolumbia]], [[Alberta]] en [[Saskatchewan]] (fan west nei east). Yn it noarden wurdt it begrinzge troch de [[Noardlike Iissee]].
De Noardwestlike Territoaria besteane út in grut stik lân op it Kanadeeske fêstelân mei dêropta in stikmannich eilannen fan 'e [[Kanadeeske Arktyske Arsjipel]], wêrûnder [[Banks (eilân)|Banks]], [[Borden (eilân)|Borden]] en [[Prins Patrickeilân]] en de westlike parten fan [[Victoria (eilân yn Kanada)|Victoria]] en [[Melville (eilân yn Kanada)|Melville]], dy't dield wurde mei Nûnavût. It fêstelân fan 'e Noardwestlike Territoaria omfiemet de [[Grutte Bearemar]] en de [[Grutte Slavemar]], twa fan 'e grutste [[mar]]ren fan Kanada, en fierders it streamgebiet en de delta fan 'e rivier de [[Mackenzie (rivier yn Kanada)|Mackenzie]], dy't útmûnet yn 'e [[Beaufortsee]], en de ravinen fan it ferneamde [[Nasjonaal Parkreservaat Nahanni]], dat op 'e [[Wrâlderfgoedlist]] fan 'e [[UNESCO]] stiet. It heechste punt fan it territoarium is de [[Mount Nirvana]], oan 'e grins mei Yukon, mei in hichte fan 2.773 m.
==Skiednis==
De Noardwestlike Territoaria ûntstiene yn [[1870]] troch de gearfoeging fan it eardere [[Noardwestlike Territoarium]] mei [[Rupertslân]], de [[konsesje]] fan 'e [[Hudsonbaaikompanjy]], dy't dat gebiet it foargeande jiers oerdroegen hie oan 'e [[Grut-Brittanje|Britske Kroan]], dy't it dêrnei wer oerdroech oan 'e yn [[1867]] stifte [[Kanada|Kanadeeske Konfederaasje]]. Sadwaande besloegen de Noardwestlike Territoaria yn 't earstoan in ûnbidich grut stik fan [[Noard-Amearika]], dat fan [[Labrador (regio)|Labrador]] yn it easten oant [[Alaska]] yn it westen rikte, en dat yn it suden grinzge oan 'e [[Feriene Steaten]]. De [[Kanadeeske Arktyske Eilannen]] bleaune lykwols noch oant [[1880]] ûnder direkt Britsk bestjoer.
[[File:Downtown Yellowknife 2.jpg|right|thumb|250px|Utsjoch op it sintrum fan [[Yellowknife]], de haadstêd fan 'e Noardwestlike Territoaria.]]
Nei de oerdracht fan 'e Noardwestlike Territoaria oan Kanada waard it gebiet stadichoan almar lytser. Noch yn [[1870]] waard de provinsje [[Manitoba]] fan it territoarium losmakke, yn 't earstoan besteande út in lyts fjouwerkantsje om 'e stêd [[Winnipeg]] hinne, dat yn [[1881]] útwreide waard ta it súdlike diel fan 'e tsjintwurdige provinsje en yn [[1912]] syn hjoeddeistige omfang krige. Tsjin 'e tiid dat de al sûnt [[1858]] besteande koloanje [[Britsk-Kolumbia]] yn [[1871]] in provinsje fan 'e Kanadeeske Konfederaasje waard, hie it (yn [[1866]]) al it diel fan it oarspronklike Noardwestlike Territoarium taparte krigen dat besuden 60° noarderbreedte en bewesten 120° westerlingte lei. Yn [[1876]] en [[1912]] wreide [[Ontario]] him yn it neidiel fan 'e Noardwestlike Territoaria út nei it noarden, en yn [[1882]], [[1898]] en [[1912]] die [[Kebek (provinsje)|Kebek]] yn trije stadia itselde. Yn [[1898]] waard nei de eksplosive befolkingsgroei dêre, fanwegen de [[Goudkoarts fan Klondike]], de [[Yukon]] ta in selsstannich territoarium makke. Yn [[1905]] waarden [[Saskatchewan]] en [[Alberta]] bestjoerlik losmakke fan 'e Noardwestlike Territoaria, om as folweardige provinsjes ta te treden ta de Kanadeeske Konfederaasje.
Sadwaande wiene, nei in bestjoerlik weryndielingsproses fan it restearjende territoarium, yn [[1920]] inkeld de distrikten [[Mackenzie (distrikt)|Mackenzie]], [[Franklin (distrikt)|Franklin]] en [[Keewatin (distrikt)|Keewatin]] noch oer. Fan [[1907]] oant [[1947]] wiene de Noardwestlike Territoaria net fertsjintwurdige yn it Kanadeeske parlemint, en dêrnei hie fyftjin jier lang inkeld it súdwestlike distrikt Mackenzie (yn 'e mande mei de [[Yukon]]) in parlemintssit. Pas yn [[1962]] waarden de hiele Noardwestlike Territoaria omfoarme ta ien inkeld kiesdristrikt, op grûn fan in wet út [[1953]], dy't de [[Inûyt]] yn Kanada einlings [[stimrjocht]] jûn hie. Hiel lang waard it territoarium bestjoerd troch in kommissaris dy't oansteld waard troch de Kanadeeske minister fan [[Kanadeesk Ministearje fan Yndiaanske Saken en Noardlike Untwikkeling|Yndiaanske Saken en Noardlike Untwikkeling]], mar yn [[1967]] krige it gebiet selsbestjoer, en waard [[Yellowknife]] ta de territoriale haadstêd makke.
Nei in lang en dreech proses fan ûnderhannelings oer de lânrjochten fan 'e eastlike Arktyske Inûyt fan Kanada, waard op [[1 april]] [[1999]] it selsstannige territoarium [[Nûnavût]] skepen. Dat besloech trijefyfde part fan it gebiet dat oant dy tiid ta de Noardwestlike Territoaria heard hie, mei dêrûnder it hiele distrikt Keewatin en grutte dielen Franklin en Mackenzie.
;De ynkrimping fan 'e Noardwestlike Territoaria
<gallery>
Ofbyld:Canada provinces 1867-1870.png|sitewaasje 1867-1870
Ofbyld:Canada provinces 1870-1871.png|sitewaasje 1870-1886
Ofbyld:Canada provinces 1886-1889.png|sitewaasje 1886-1901
Ofbyld:Canada provinces 1901-1905.png|sitewaasje 1901-1905
Ofbyld:Canada provinces 1905-1912.png|sitewaasje 1905-1949
Ofbyld:Canada provinces 1949-1999.png|sitewaasje 1949-1999
Ofbyld:Canada provinces 1999-2001.png|sitewaasje fanôf 1999
</gallery>
==Bestjoer==
[[File:Northwest Territories Legislative Building.jpg|right|thumb|250px|It ''Northwest Territories Legislative Building'' yn [[Yellowknife]], de sit fan it territoriale parlemint.]]
De Noardwestlike Territoaria hawwe in territoriale assimblee mei 19 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen [[kiesdistrikt]] (''riding''), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde systeem as yn [[Grut-Brittanje]]). Oars as de parleminten fan 'e Kanadeeske provinsjes en fan it territoarium Yukon hat dat fan 'e Noardwestlike Territoaria gjin partijen, mar binne alle leden ûnôfhinkliken. It territoarium wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in [[minister-presidint]]. Yn Kanada is it trouwens wenst (mar gjin wet) dat de minister-presidinten fan 'e ûnderskate provinsjes en territoaria oantsjut wurde as ''premier'', wylst de federale minister-presidint de ''prime minister'' is. Yn it federale Kanadeeske parlemint yn [[Ottawa]] wurde de Noardwestlike Territoaria yn 'e [[Kanadeeske Senaat|Senaat]] fertsjintwurdige troch 1 fan 105 sitten (1,0%), en yn it [[Kanadeeske Legerhûs|Legerhûs]] troch 1 fan 308 sitten (0,3%).
==Ekonomy==
De [[ekonomy]] fan 'e Noardwestlike Territoaria stipet fierhinne op 'e mynbou en de eksploitaasje fan oare natuerlike helpboarnen, mei it [[toerisme]] as oare wichtige sektor. Der wurdt yn it territoarium dold nei [[goud]], [[diamant]]en, [[wolfram]], [[ierdgas]] en [[ierdoalje]]. Foarhinne wiene der ek [[sulver]]-, [[koper]]-, [[lead (metaal)|lead]]-, [[sink]]- en [[uranium]]minen. De diamanten út 'e Noardwestlike Territoaria wurde oanpriizge as in alternatyf foar [[bloeddiamant]]en. Benammen troch de mynbou is it bruto territoriaal produkt fan 'e Noardwestlike Territoaria it heechst fan alle Kanadeeske gewesten, mei [[Kanadeeske dollar|K$]]76.000 yn [[2009]].
[[File:Diavik Diamond Mine.jpg|left|thumb|250px|De iepen Diavik-[[diamant]]myn.]]
==Demografy==
Neffens de Kanadeeske folkstelling fan [[2011]] hiene de Noardwestlike Territoaria doe 41.462 ynwenners, wat frijwol itselde oantal is as yn [[2006]]. De [[befolkingstichtens]] wie 0,04 minsken de km². Fan alle ynwenners fan it territoarium wennen yn [[2006]] 19.234 of 46,4% yn 'e haadstêd [[Yellowknife]]. It twadde plak neffens ynwennertal, mei 3.606 minsken, wie [[Hay River (Noardwestlike Territoaria)|Hay River]]. Yn totaal binne der 33 wenkearnen yn it gebiet, wêrfan't de lytste [[Kakisa]] is, dat 45 ynwenners hat.
===Etnyske groepen===
Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan [[2006]] (dy't basearre binne op selsidentifikaasje) bestiet de befolking fan 'e Noardwestlike Territoaria foar mear as de helte (50,3%) út lânseigen groepen. De Noardwestlike Territoaria binne njonken Nûnavût it iennichste gewest fan Kanada dêr't dat sa is. De lânseigen befolking kin opdield wurde yn seis ûnderskate [[Yndianen|Yndiaanske]] folken (mei-inoar 36,5%), de heal-blanke, heal-Yndiaanske ''[[Métis]]'' (6,9%) en de [[Inûvialûyt]], de westlike Arktyske [[Inûyt]] fan Kanada (11,1%). (Mei-inoar komt dat út op 54,5%, mar minus de oerlaping fan dy trije groepen wurdt it 50,3%.)
De grutste [[jeropide ras|blanke]] befolkingsgroep waard foarme troch de [[Ingelsen]] (17,2%), folge troch de [[Skotten]] (14,3%), [[Ieren (folk)|Ieren]] (11,8%), [[Frânsen]] (10,5%), [[Dútsers]] (8,5%) en [[Oekraïners]] (3,5%). De tsjintwurdige [[Frânsk]]talige minderheid, de [[Franko-Tenezen]] (dy oantsjutting is ôflaat fan 'e Frânske ôfkoarting foar de Noardwestlike Territoaria, TNO), foarmje mei in oantal fan likernôch 440 minsken sa'n 1,1% fan 'e befolking.
===Godstsjinst===
Op it mêd fan [[godstsjinst]] bestie neffens sifers út [[2001]] 79,7% fan 'e befolking fan 'e Noardwestlike Territoaria út [[kristendom|kristenen]], wêrfan 45,7% [[roomsk-katolisisme|roomsen]], 33,6% [[protestantisme|protestanten]], 0,3% [[eastersk-otterdoksy|eastersk-otterdoksen]] en 0,1% [[eastersk-katolisisme|eastersk-katoliken]]. De grutste protestantske denominaasjes wiene de [[Anglikaanske Tsjerke|anglikanen]] (14,9%), de feriene protestantske ''[[United Church of Canada]]'' (6,0%), de [[pinkstertsjerken|pinksterkristenen]] (2,8%), [[baptisme|baptisten]] (1,8%) en [[luteranisme|luteranen]] (1,1%). [[Ateïsme|Ateïsten]] en [[agnostisisme|agnosten]] foarmen 17,4% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene, yn folchoarder fan grutte: de [[islaam]] (0,5%); it [[boedisme]] (0,4%); it [[hindoeïsme]] (0,2%); it [[sikhisme]] (0,1%); it [[joadendom]] (0,1%); en it [[Westersk heidendom]] (0,1%). De oanhingers fan 'e [[natoerreligyen|lânseigen religyen]] fan 'e ûnderskate Yndiaanske folken foarmen mei-inoar 0,6% fan 'e befolking.
==Taal==
Yn [[1877]] waard njonken it [[Ingelsk]] ek it [[Frânsk]] ta ien fan 'e offisjele talen fan 'e Noardwestlike Territoaria makke. Dat late fanôf [[1888]] ta in lange en bittere taalstriid, mei as úteinlik resultaat dat yn [[1892]] it Frânsk syn offisjele status ferlear. Hast in iuw lang bleau dy sitewaasje hanthavene, mei inkeld it Ingelsk as offisjele taal, oant de Kanadeeske federale oerheid yn 'e 1980-er jierren it territoriale regear ûnder druk sette om it Frânsk op 'e nij in offisjele status ta jaan. By it debat dat dêrop folge yn 'e territoriale assimblee rûnen ferskate lânseigen folksfertsjintwurdigers derút, út protest tsjin it feit dat der safolle omtinken oan in yn wêzen útlânske taal jûn waard, wylst sy yn it parlemint har eigen talen net iens sprekke mochten. Der waard in kommisje ynsteld om 'e saak te bestudearjen, dy't fêststelde dat it alles of neat wurde moast – dus as it Frânsk in offisjele status krije soe, dan moast dyselde status ek taparte wurde oan alle lânseigen talen fan it territoarium. Sadwaande krigen de Noardwestlike Territoaria yn [[1988]], ûnder de ''Northwest Territories' Official Languages Act'', alve offisjele talen, dy't yn begjinsel allegearre gelikense rjochten hawwe yn it territoarium. Dy alve talen binne:
[[File:Tungsten, Northwest Territories.jpg|right|thumb|250px|De Cantung-myn, dêr't nei [[wolfram]] dold wurdt.]]
* 2 [[jeropide ras|blanke]] talen:
** [[Ingelsk]]
** [[Frânsk]]
* 6 [[Yndianen|Yndiaanske]] talen:
** [[Hûnsribsk]] (''Dogrib'' of ''Tłįchǫ'')
** [[Kry (taal)|Kry]] (''Cree'')
** [[Kûtsjin (taal)|Kûtsjin]] (''Kutchin'' of ''Gwich'in'')
** [[Noardlik Slavy (taal)|Noardlik Slavy]] (''Northern Slavey'')
** [[Súdlik Slavy (taal)|Súdlik Slavy]] (''Southern Slavey'')
** [[Tsjippewaien (taal)|Tsjippewaien]] (''Chipewyan'')
* 3 [[Inûyt]]-talen:
** [[Inûynnaktûn]] (''Inuinnaqtun'')
** [[Inûktitût]] (''Inuktitut'')
** [[Inûvialûktûn]] (''Inuvialuktun'')
[[File:Slavey_girls_Mackenzie_River_Northwest_Territories_-_NA-1463-23.jpg|right|thumb|180px|In pear [[Slavy (folk)|Slavy]]-famkes, fotografearre yn [[1899]].]]
De ynwenners fan 'e Noardwestlike Territoaria hawwe it rjocht om alle boppeneamde talen te brûken yn harren kommunikaasje mei de territoriale oerheid en yn in territoriale rjochtseal. Al dy talen meie ek sprutsen wurde yn 'e territoriale folksfertsjintwurdiging. Lykwols, de territoriale wetjouwing is inkeld binend yn 'e Ingelske en Frânske ferzjes, en de Noardwestlike Territoaria publisearje wetten en oare dokuminten inkeld yn 'e oare njoggen talen as dêr in offisjeel fersyk ta yntsjinne wurdt. Fierders is de tagong ta tsjinsten yn it Frânsk en de lânseigen talen beheind ta ynstellings en omstannichheden dêr't men yn ridlikheid fan ferwachtsje meie soe dat men dêr yn dy talen terjochte kin (mei de [[rjochterlike macht]] as iennichste útsûndering). Inkeld tsjinsten yn 'e Ingelske taal binne yn 'e Noardwestlike Territoaria rûnom beskikber.
It [[Ingelsk]] is dan ek de memmetaal fan fierwei it grutste part fan 'e befolking fan it territoarium: 77,5%. Dêrnei folgje (as de tolve meast sprutsen talen neffens gegevens fan 'e folkstelling fan [[2006]]): [[Hûnsribsk]] (4,8%), [[Súdlik Slavy (taal)|Súdlik Slavy]] (3,2%), [[Noardlik Slavy (taal)|Noardlik Slavy]] (2,1), [[Inûktitût]] (1,7%), [[Filipynsk]] (1,2%), [[Frânsk]] (1,1%), [[Tsjippewaien (taal)|Tsjippewaien]] (1,0%), [[Fjetnameesk]] (0,8%), [[Sineesk]] (0,6%), [[Kry (taal)|Kry]] (0,5%) en [[Kûtsjin (taal)|Kûtsjin]] (0,5%).
==Klimaat==
Wylst it oanbuorjende [[Nûnavût]] foar it meastepart bestiet út [[toendra]], hawwe de Noardwestlike Territoaria in justjes waarmer [[klimaat]], mei as gefolch dat it súdlike part fan it territoarium grutdiels begroeid is mei [[nullewâld]]en ([[taiga]]). It noardlike diel fan it fêstelân leit lykwols boppe de [[beamgrins]] en hat in [[toendraklimaat]], wylst der oan 'e noardkust en op 'e eilannen fan 'e [[Kanadeeske Arktyske Arsjipel]] in [[poalklimaat]] hearsket. De [[winter]]s binne lang en strang, en de [[simmer]]s koart en koel, mei oerdei [[temperatuer]]en dy't mar komselden boppe de 20 °C útkomme. Winterdeis is it sels yn it suden fan it territoarium alhiel gjin útsûndering as it kwik oant –40 °C sakket, wylst yn it noarden in temperatuer fan –50 °C frij normaal is.
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Northwest_Territories ''References'' en ''Further reading'', op dizze side].
----
{{commonscat|Northwest Territories}}
}}
{{Kanada}}
[[Kategory:Noardwestlike Territoaria| ]]
[[Kategory:Territoarium fan Kanada]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1870]]
|